Prahlada Rao
A.N. Prahlada Rao (Abbani, 24 july 1953) is in Yndiaaske auteur en krúswurdpuzelûntwerper yn it Kannada. It Kannada is in âlde Dravidyske taal en wurdt yn ferskate dialekten sprutsen as memmetaal troch sa’n 38 miljoen misken. It Kannada wurdt troch de Kannadiga sprutsen yn de Yndiaaske steat Karnataka en yn de oanbuorjende steaten fan Karnataka.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]A.N. Prahlada Rao waard berne yn Abbani yn it Kolar-distrikt fan Karnataka, Yndia. Hy begûn syn karriêre as sjoernalist en wie de oprjochter en redakteur fan Honnudi.
Rao syn belutsenheid by it gearstallen fan krúswurdpuzels ûntstie út ynteresse yn it oplossen fan sawol Kannada- as Ingelske krúswurdpuzels doe’t hy noch studearre healwei de jierren santich. Hy kaam yn 1983 yn tsjinst by it Karnataka Information Department yn in public relations-rol. Doe begûn er serieus mei puzelûntwerpen. Hy wurke dêrnei as mediakoördinator by it regear fan Karnataka, en stalde alle dagen puzels gear, somtiden mei help fan syn frou. Hy is spesjalisearre yn temapuzzels en hat in bysûndere foarleafde foar de bioskoop. Syn puzels binne ferskynd yn deistige, wyklikse en twawyklikse publikaasjes lykas Prajavani, Samyukta Karnataka, Shakthi, Mangala, Vijaya Karnataka en Ee Sanje. Ek makket er alle dagen krúswurdpuzels foar Vijaya Karnataka, Samyukta Karnataka en Prajavani (Sahapati). Ein july 2018 hie hy 42.000 krúswurdpuzels en kwispuzels gearstald. It meitsjen koste him yn it earstoan sawat twa oeren, mar hy hat dat werombrocht oant sa’n 20 minuten.
Neist it produsearjen fan krúswurdpuzels, makket Rao ek kwissen foar ferskate publikaasjes. Hy brûkt dêrby deselde boarnen en neislachwurken dy’t hy samle hat foar syn ûntwerpynspannings. Op de foargevel fan syn hûs stiet in krúswurddiagram fan swarte en wite tegels.
Hy hat mei syn krúswurdpuzels bydroegen oan mear as 40 Kannada-tydskriften yn de 25 jier oant 2016.
Krúswurdpuzelboeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste dielen fan syn Kannada-krúswurdpuzels ferskynden op 14 febrewaris 2008. Trije fan de fiif krúswurdpuzelboeken yn it Kannada binne basearre op algemiene kennis, ien op de Kannada-bioskoop en in oaren foar bern.
By gelegenheid fan de hûndertste jierdei fan it earste krúswurdpuzel skreau Rao yn 2013 twa Kannada-krúswurdpuzelboeken, mei as titel Pada Kreede en Pada Looka. Elk mei 160 krúswurdpuzels.
Op 15 jannewaris 2017 binne noch 5 Kannada-krúswurdpuzels útbrocht, mei de titels ‘’Padajala’’, ‘’Padajaga’’, ‘’Padaranga’’, ‘’Padasampada’’ en Padavyuha. Dochter en professor. Doddarangegowda hat de boeken útjûn.
Noch in puzelboek mei 180 krúswurdpuzels waard publisearre yn 2021. Dit boek waard útjûn troch Vasanta Prakashana.[1]
Acht krúswurdpuzelboeken en twa sudokuboeken, troch him skreaun, binne tagelyk útjûn yn 2024 troch Siddaramaih, Chief Minister fan Karnataka yn Bengaluru. [2]
Erkenning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sûnt 2016 stiet Rao yn it Limca Book of Records foar it meitsjen fan it grutste oantal krúswurdpuzels yn in regionale taal.
- Prahlada Rao krige de Karnataka Rajyotsava Award 2024 foar it meitsjen fan it grutste oantal puzels yn Yndia. Chief Minister Siddaramaiah, vice-premier Sivakumar, minister fan Binnenlânske Saken Dr. G. Parameshwar, minister fan Kannada-kultuer Shivraj Thangadagi, foarsitter fan Vidhanaparishat Basavaraja Horatti rikten de ûnderskieding út yn oanwêzichheid fan de Vidhana Soudha op 1 novimber 2024. [3]
- Syn namme waard yn 2019 opnomd yn it Kalam Book of World Records.
- Prahlada Rao syn namme waard yn 2021 opnomd yn de Asian Record Academy.
- Yn 2009 waarden 75 boeken útbrocht oer minsken dy’t bydroegen oan de Kannadabioskoop as ûnderdiel fan it Platinum Jubilee Kannada Cinema-75, organisearre troch Karnataka Film Chamber of Commerce. By dy boeken wiene twa fan Rao, syn eardere wurk oer Rajakumar en T.S. Karibasaiah.
- A.N. Prahlada Rao is ek opnomd yn de PR Hall of Fame en bekroane mei prestisjeuze PRCI-prizen op it 12e Global Communication Conclave dat yn maart 2018 yn Pune holden waard.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bangarada Manushya (2005), in biografy fan Dr. Rajakumar, in populêre filmakteur yn it Kannada. Ek yn it Ingelsk oersetten as Dr. Rajkumar: The Inimitable Actor With A Golden Voice (2008).
- Belliterey Belagidavaru (Gems of the Silver Screen) (2007), mei profilen fan 115 filmstjerren út de Kannada-cinema
- Vasanta Mallika (Beginning Blossoms) (2008), in cd mei njoggen gedichten dy’t sjongd waarden troch Vasantha Shashi mei muzyk komponearre troch Puttur Narasihma Nayak.
- Nanna Daari Vibhinna Daari - Rajanikanth (2013), oer de Tamil-filmakteur Rajanikanth
- Praana Padaka (2013), mei oantinkens oan de frou fan Rajakumar, Parvathamma.
- Jaitrayaatre, in oersetting yn it Kannada fan it lykneamde boek, yn it Ingelsk skreaun troch K. Jairaj, in haadsiktaris by de Indiaaske administrative tsjinst. It beskriuwt Jairaj syn ûnderfinings as bestjoerder yn de tiid fan trije desennia en waard publisearre yn it Kannada-deiblêd Vijaya Karnataka.
- Danivillada Dhani, in boek oer B.R. Pantulu, regisseur, produsint en akteur yn Kannada en Tamil, , útjûn troch Karnataka Chalana Chitra Academy, is yn novimber 2016 útbrocht troch Dr. Bharati Vishnuvardhan by Samsa.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |