Prûmkopparkyt
Prûmkopparkyt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Psittacula cyanocephala | ||||||||||||
Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De prûmkopparkyt of promkopparkyt (Psittacula cyanocephala) is in pappegaaieftige fan it skaai ealparkiten. De soarte is endemysk op it Yndiaaske subkontinint en it wie earder in ûndersoarte fan 'e bloeiselkopparkyt (P. roseata), foardat de prûmkopparkyt in aparte soarte waard. Prûmkopparkiten wurde faak yn groepen sjoen.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De prûmkopparkyt is foar in grut part in griene pappegaai fan 33 sm lang mei in sturt oant 22 sm.

It mantsje hat in reade oant nei de nekke ta pearsblauwe kop, nekke en wangen. De fûgel hat in smelle, swarte halskraach mei kopergrien ûnder de nekke en in swarte kinstreek fanôf de ûnderkaak. De fûgels ha in read plak op 'e skouders. De stút en sturt binne blaugrien; de sturt hat in wite punt. De boppesnaffel is oranjegiel en de ûndersnaffel is donker.
It wyfke hat in blaugrize kop en mist de swarte en kopergriene kraach, dy't dêr giel is. De boppesnaffel is mear gielich en der is gjin swarte kinstreek en likemin in read plak op 'e skouder.
Juvenilen ha in griene kop en beide kaken binne gielich. Pas nei in jier ferkleuret de kop.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De prûmkopparkyt is in fûgel fan bosk en iepen bosk en somtiden sels fan stedstunen. Harren ferspriedingsgebiet leit tusken de útrinners fan 'e súdlike Himalaya nei it suden ta oant en mei Sry Lanka. Se libje net yn 'e drûge gebieten fan West-Yndia. Prûmkopparkiten wurde ek as koaifûgels holden en ûntsnapte fûgels liede ta waarnimmingen bûten it ferspriedingsgebiet yn bygelyks New York, Florida en op guon plakken yn it Midden-Easten.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgels ite nôt, fruit, blommen en plonderje somtiden lânbougrûn en hôven.
Se briede yn Yndia fan desimber oant april en yn Sry Lanka fan july oant augustus. Se ha harren nêsten yn holtes dy't troch de fûgels sels mei harren snaffels makke wurde. De nêsten besteane út fjouwer oant seis aaien, dy't troch it wyfke útbret wurde. Se ha bûten de briedtiid mienskiplike sliepplakken. De fûgels binne by it fleanen tige manûvrearber. Yn finzenskip kin de fûgel it praten oanleare.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De grutte fan 'e wrâldpopuaasje is net bekend, mar de soarte is relatyf algemien yn Nepal en oer it generaal algemien yn Yndia. Yn it ferspriedingsgebiet hat de fûgel likernôch 6% fan syn biotoop ferlern en dêrom wurdt der fanút gien dat de fûgel yn oantal ôfnimt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en referinsjes ek op en:Plum-headed parakeet
|