Springe nei ynhâld

Prûkdo

Ut Wikipedy
Prûkdo
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dowen (Columbidae)
skaai prûkdowen (Lopholaimus)
(Gould, 1841)
soarte
Lopholaimus antarcticus
(Shaw, 1794)
IUCN-status: net bedrige

De prûkdo (Lopholaimus antarcticus) is in fûgelsoarte út 'e famylje dowen (Columbidae). De soarte is endemysk yn Austraalje. It is de iennige soarte yn it skaai prûkdowen Lopholaimus.

prûkdo.

De fûgel is 40 oant 45 sm lang en weaget 475 oant 600 gram. It is in grutte, griisblauwe do. Opfallend is de túf, in bondel fearren dy't oer de kroan en efter oer de nekke hingje. Oan 'e foarkant, op 'e kroan, is de túf griis wylst de fearren dy't nei efter hingje readbrún mei swarte rânen binne. De sturt hat swarte en wite bannen. De snaffel is rôze en om it each hinne is de bleate hûd ek rôze. Mantsjes en wyfkes ha gjin grutte ferskillen, útsein dat de túf fan it wyfke wat lytser is en fan foarren wat ljochter is.

De do komt yn it easten fan Austraalje fan Kaap York (Queensland) oant it suden fan Nij-Súd-Wales foar. De fûgel briedt allinnich yn reinwâlden en mooglik yn oangrinzgjend drûger bosk. Bûten it briedseizoen komt de fûgel ek yn drûgere bosken en lânbougebieten foar. De fûgel bringt de nacht troch yn 'e toppen fan hege beammen op lestich te berikken plakken.

De prûkdo hat in grut ferspriedingsgebiet en dêrfandinne is de kâns op útstjerren lyts. De grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre, mar de oantallen nimme ôf. De tebekgong is lykwols minder as 30% yn tsien jier (minder as 3,5% yn 't jier). Om dy reden klassifisearret de IUCN de fûgel as net bedrige op 'e Reade list.

De soarte nimt yn oantal ta en de IUCN klassifisearet de soarte as net bedrige op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: