Springe nei ynhâld

Prêrjemiuw

Ut Wikipedy
Prêrjemiuw
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaimiuwen (Larus)
soarte
Larus californicus
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     trekfûgel

     wintergast
     stânfûgel


De prêrje- of Kalifornyske miuw (Larus californicus) is in fûgelsoarte yn it skaai miuwen (Larus) út de famylje seefûgels (Laridae).

De prêrjemiuw is in miuw mei in lingte fan 53 sm en in spanwiidte fan 137 sm, lytser as de Kanadeeske miuw (Larus smithsonianus) mar grutter as de ringbekmiuw (Larus delawarensis) en mei relatyf lange wjukken.

Fûgels yn winterkleed.

Folwoeksen fûgels hawwe in tsjusterder mantel as de Kanadeeske miuw mei mear en kontrastearjender swart op 'e wjukpunten. Fierder is de iris donker, binne de poaten grienich-giel en net read.

It duorret fjouwer jier foardat jonge fûgels fan meast brún nei it folwoeksen fearrekleed fan folslein wyt en griis feroarje. Jonge fûgels hawwe yn harren earste jier in folslein donkere sturt en in meast brúnich lichem lykas ek de Kanadeeske miuw, mar mei dit ferskil dat se donkerder boppekanten op 'e wjukken, in blekere boarst, en meastal reade snaffels mei in swarte punt ha.

De roppen binne heas en piepjend, djipper as dy fan 'e ringbekmiuw.

De prêrjemiuw wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

De fûgel oerwinteret fan súdwestlik Kanada oant súdwestlik Meksiko. As dwaalgast is de fûgel ek waarnommen yn Ekwador.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prêrjemiuwen briede yn koloanjes tichteby marren en sompen yn it binnenlân fan westlik Noard-Amearika. It nêst is in ûndjip gat yn 'e grûn, beklaaid mei fegetaasje en fearren. It wyfke leit twa oant trije aaien, dy't beide âlden útbriede.

Prêrjemiuw dy't ynsekten fangt.

Yn 'e briedtiid kinne se wol 65 km fan 'e briedkoloanje foerazjearje. Se wurde dan sjoen yn lânbougebieten, op tunen en greiden en op jiskebulten. Nei de briedtiid migrearje se nei de kust, dêr't se mei oare meeuwen op strannen en yn rivierdelta's foerazjearje.

De fûgel is in omnivoar, dy't eins alles fret wat er yn 'e bek past, lykas fisk, itensresten, imerkes, ynsekten, seewier, wjirms, lytse sûchdieren, fûgelaaien, nôt, ôfeart.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme, mar net sa bot dat de fûgel as bedrige beskôge wurdt. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, ). De wrâldpopulaasje wurdt op 410.000 briedende fûgels rûsd.

Yn San Francisco Bay, Kalifornje, hat de soarte in koloanje stifte dy't 1.000 briedende fûgels yn 1982 oanwoeksen is nei 33.000 yn 2006. Se foarmje no in bedriging foar oare bedrige soarten yn it gebiet.

Seagull Monument.

De prêrjemiuw is de nasjonale fûgel fan 'e steat Utah. Yn it jier 1848, koart nei’t de Mormoanske pylgers har yn 'e Salt Lake-delling nei wenjen setten, krigen hja te meitsjen mei in grutte ramp. De kolonisten hiene har earste gewaaks yn 'e grûn, mar yn 'e maitiid kamen massa's swarte imerkes, dy't de hiele rispinge drigen op te fretten.

Doe't de kolonisten tochten dat alles al ferlern wie, ferskynden der neffens har grutte groepen prêrjemiuwen út 'e rjochting fan 'e Grutte Sâltmar. Dy fûgels frieten de imerkes op oant de fjilden wer skjin wiene. De Mormoanen seagen dat as in godlik barren, in wûnder dat harren libben rêde.

Ta neitins waard yn 1913 yn it sintrum fan Salt Lake City op it Temple Square it Seagull Monument oprjochte,

Boarnen, noaten en/as referinsjes: