Potinus fan Lyon
| Sint-Potinus | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| bertedatum | ± 85 n.Kr. | |
| berteplak | Smyrna | |
| stjerdatum | 2 juny 177. | |
| stjerplak | Lugdunum (Lyon) | |
| hillichferklearring | ||
| fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke, Easterske otterdoksy | |
| hjeldei | 2 juny | |
| attributen | frou mei bern | |
| patroan fan | Aartsbisdom Lyon | |
Potinus fan Lyon wie de earste biskop fan Lyon en ek de earste biskop fan Galje. Hy waard om 85 nei Kristus hinne bern en ferstoar yn it jier 177 de martlerdea.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de letter oerlevering soe Potinus ôfkomstich wêze út Lyts-Aazje, mooglik út de omkriten fan Smyrna, Neffens dy tradysje waard Potinus troch Polykarpus nei Galje stjoerd om dêr de kristlike mienskip fuort te sterkjen. Hy soe yn it jier 150 nei Kristus yn it doetiidske Lugdunum, it hjoeddeiske Lyon, oankommen wêze.
As earste biskop hie Potinus in grutte rol by de organisaasje fan 'e tsjerke yn Lyon, ien fan 'e âldste kristlike mienskippen yn it Romeinske Westen.
Yn it jier 177 nei Kristus briek yn Lugdunum ûnder Markus Aurelius in slimme ferfolging tsjin kristenen út, dy't beskreaun wurdt yn 'e Lettre des chrétiens de Vienne et de Lyon — in ferslach fan tsjûgen dat Eusebius fan Caesarea letter optekene yn syn Historia Ecclesiastica. Dy brief is de âldste tsjûgenis fan it kristendom yn wat letter Frankryk neamd wurde soe.
De brief beskriuwt dat minsken út harren hûzen ferdreaun en ferfolge waarden as sy fan it kristlike leauwe tsjûgen. In soad waarden finzen nommen, martele en foar it rjocht brocht. Guon waarden deade yn 'e arena en as se Romeinsk wienen waarden se ûnthalze.
Ek Potinus waard oppakt en as heechbejaarde lieder fan 'e mienskip (doe al goed 90 jier âld) waard er troch de kliber folk slein en dêrnei yn 'e finzenis smiten. Hy ferstoar al gau dêrnei oan syn mishanneling en ferwûnings yn 'e finzenis. Dat barde op 2 juny, de dei dat Potinus en de martlers fan Lyon hjoed-de-dei betocht wurde.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Potinus wurdt as hillige en martler fereare yn sawol de Roomsk-Katolike Tsjerke as yn 'e Eastersk-otterdokse tradysje. Syn feestdei is 2 juny, deselde dei wêrop't ek de oare martlers fan Lyon betocht wurde lykas Sint-Blandina, dy't ek in grutte rol yn 'e brief spilet. Sint-Blandina wurdt yn 'e Easterske otterdoksy somtiden ek apart betocht, lykas 25 july.

Yn 'e midsiuwen waard yn Lyon in feest fierd mei de namme Fête des Merveilles, dat ferbûn wie mei de fiering fan 'e martlers. Dy tradysje gie fan 'e 9e oant de 14e iuw en bestie û.o út prosesjes. De hege kosten fan it feest yn in tiid fan oarloch, hongersneed en politike konflikten wie de reden dat it feest sûnt 1394 net mear fierd waard.
Reliken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens âlde boarnen binne de martlers ferbaarnd en de jiske waard yn 'e Rône smiten, sadat der gjin reliken mear binne. Yn Lyon wurdt yn in âld kleasterkompleks in ûndergrûnske romte presintearre as de finzenis fan Potinus en der binne 19e iuwske mozaïken dy't it ferhaal fan 'e martlers ferbyldzje.
Fan guon martlers út dy tiid binne letter wol fragminten of stikjes bonke as reliken presintearre. Fan Sint-Blandina wurdt bygelyks in relyk bewarre yn 'e tsjerke fan Saint-Leu yn Amiens.
Ikonografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Potinus hâldt faak in lytse frou mei bern yn 'e hân. Dy foarstelling wurdt faak assosjearre mei de yntroduksje troch Potinus fan 'e Marijedevoasje yn Lyon. Potinus sels wurdt as biskop mei kromstêf ôfbylde.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
