Portorikaanske amazône
| Portorikaanske amazône | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Amazona vittata | ||||||||||||
| Boddaert, 1783 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Portorikaanske amazône (Amazona vittata) is in fûgelsoarte yn it skaai amazônepappegaaien út de famylje Pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). De soarte is endemysk op Porto Riko. Troch it krewearjen fan natuerbeskermingsorganisaasjes is de fûgel net útstoarn. Se wurde yn finzenskip fokt en dêrnei yn 'e natuer frijlitten.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 28 oant 30 sm lange en trochstrings 275 gram swiere fûgel is in relatyf lytse amazônepappegaai. It fearrekleed is meast grien, mar de fearren ha blauwe rânen. Om 'e snaffel sitte reade fearkes en de eachring om de donkerbrune iris is wyt. De búk en it boarst binne grienich mei wat giel. De hânpinnen fan 'e wjuk en de wjukdekfearren binne donkerblau. Yn 'e flecht is de helderblauwe ûnderkant fan 'e wjukken te sjen. De sturtpinnen ha in griengiele glâns. De snaffel is ljocht fan kleur en de poaten binne ljochtbrún. Tusken mantsjes en wyfkes binne wat fearrekleed oanbelanget gjin ferskillen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eartiids kaam de Portorikaanske amazône in soad yn tropyske reinwâlden yn sawol it leechlân, it heuvellân en mangrovebosk foar. It hjoeddeiske leefgebiet fan 'e fûgel leit ferspraat op twa lokaasjes op Porto Riko tusken 200 en 600 m boppe de seespegel. It is mar 16 km² grut.
Der binne twa ûndersoarten bekend:
- Amazona vittata vittata: Porto Riko.
- Amazona vittata gracilipes: it eilân Culebra eastlik fan Porto Riko (útstoarn yn 1912).
Briedtgedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Portorikaanske amazônes briede tusken ein febrewaris en july yn grutte djippe beamholtes. In lechsel bestiet út trije oant fjouwer aaien. Sûnt 2001 bestiene alle bekende nêsten yn it wyld út keunstmjittige holtes (White et al . 2006) oant yn 2013 it earste natuerlike nêst yn 42 jier registrearre waard yn Río Abajo.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earder grutte en goed fersprate populaasje is yn 'e 19e en iere 20e iuw drastysk ôfnommen troch de ferneatiging fan it grutste part fan syn natuerlik leefgebiet. Ek de jacht op 'e fûgel foar de hannel soarge foar in tebekgong. Wittenskippers rûze in oarspronklike populaasje fan wol 100.000 fûgels. Yn 1967 krige de fûgel in beskerme status en ûnstiene de plannen om de fûgel mei in fokprogramma wer te reyntrodusearjen. Yn 'e jierren 1970 bestie de wylde populaasje út noch mar 13 fûgels. Healwei 2017 brocht it fokprogramma de wylde populaasje wer op 200 fûgels.

Yn 'e hjerst fan 2017 krige Porto Rikco mei twa orkanen te meitsjen. Orkaan Irma soarge op 7 septimber foar foarse skea en de orkaan Maria trof it eilân 19 septimber dat jier noch slimmer. De fûgels fan 'e eastlike foklokaasje yn it Nasjonaal Park El Yunquet wiene op 'e tiid nei in skûlbunker brocht en oerlibben de orkaan. Fan 'e mear as 50 yn it bosk frijlitten pappegaaien wiene de measten ferdwûn. Twa dêrfan ferskynden letter by de opfang fan El Yunque en bleaune dêr harren iten heljen om't der foar de fûgels yn 'e bosken neat mear te finen en al it blêd fan 'e beammen ferdwûn wie. Goed nijs wie dat de fûgels dêr yn 2018 wer foar 70 piken soargen. De fûgels fan 'e westlike populaasje yn it Río Abajo State Forest diene it folle better, om't dy mear beskerme wiene tsjin de orkaan. Foar Maria hiene de fûgelhokken fan it fokprogramma dêr 140 pappegaaien yn it wyld frijlitten en dêrfan oerlibben yn alle gefallen 100 eksimplaren de stoarm.
De orkanen hiene de blêden fan 'e beammen en it beskikbere iten foar de fûgels ferneatige en it koste de natuer jierren om dat wer te werstellen. It doel is troch it útsetten fan Portorikaanske amazônes út de fok om de populaasje werom te bringen op it hiele eilân.[1]
De IUCN klassifisearret de Portorikaanske amazône as krityk op 'e Reade list], mar de populaasje nimt troch it krewearjen fan natuerbeskermingsorganisaasjes wer ta.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
