Porto-Santokwartel
| Porto-Santokwartel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Artistike ympresje fan 'e Porto-Santokwartel (m.), mei twa oare útstoarne kwartels út Makaroneezje: de Madearakwartel (C. lignorum) (l.) en de Kaapverdyske kwartel (C. centensis) (rj.). | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Coturnix alabrevis | ||||||||||||
| Rando et al., 2019 | ||||||||||||
| útstoarn (fossyl)
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Porto-Santokwartel (wittenskiplike namme: Coturnix alabrevis) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en it skaai fan 'e kwartels of echte kwartels (Coturnix). Fan dit bist binne fossile resten weromfûn op it eilân Porto Santo, dat diel útmakket fan Madeara.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Porto-Santokwartel waard foar it earst yn 2019 wittenskiplik beskreaun troch Rando, Alcover, Pieper, Olson, Hernández en López-Jurado. De wittenskiplike namme bestiet út 'e skaainamme Coturnix, it Latynske wurd foar de (gewoane) kwartel (Coturnix coturnix), en it soartspesifike diel alabrevis. Dat is opboud út it Latynske wurd ala ("wjuk") en brevis ("koart"), ferwizend nei de relatyf behindige grutte fan 'e wjukbonken fan dizze soarte. De folsleine namme kin sadwaande oerset wurde as "koartwjukkwartel".
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Porto-Santokwartel liket yn syn fersprieding beheind west te hawwen ta it eilân Porto Santo yn Makaroneezje, it sintraal-eastlike diel fan 'e Atlantyske Oseaan, noardwestlik fan Afrika. Porto Santo heart ta Madeara, dat in autonome regio binnen Portegal foarmet, en leit likernôch 55 km noardnoardeastlik fan it haadeilân fan 'e Madeara-arsjipel, dat ek Madeara hjit.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste fynsten fan fossile bonken fan 'e Porto-Santokwartel datearje fan maaie 1992, doe't de paleöntologen H. Pieper, O. Runze en K. Groh by Fonte da Areia in lofter-tibiotarsus oantroffen (in wichtige bonke út 'e skonk fan in fûgel).
Op basis dêrfan en fan lettere fynsten is fêststeld dat dizze fûgel in flink stik lytser west hawwe moat as de krektlyk fossile Madearakwartel (Coturnix lignorum), fan it haadeilân fan 'e Madeara-arsjipel. De Porto-Santokwartel wie nei alle gedachten fan ferlykbere grutte as de libbene (gewoane) kwartel (Coturnix coturnix), dy't ek op 'e Madeara-eilannen foarkomt, en de fossile Kanaryske kwartel (Coturnix gomerae) fan La Gomera yn 'e Kanaryske Eilannen. Hy hie lykwols lytsere en rankere wjukbonken, dy't der mooglik op wize dat de Porto-Santokwartel in flechtleaze fûgel wie. It measte liket de Porto-Santokwartel yn morfologysk opsjoch op 'e fossile Kaapverdyske kwartel fan it eilân São Vicente, yn Kaapverdje.
Utstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fossilen dy't fan 'e Porto-Santokwartel weromfûn binne, datearje út it Kwartêr (2,58 miljoen jier lyn oant no). It is ûndúdlik wannear't en wêrom't dizze fûgel krekt útstoarn is. Foar de nau besibbe Kanaryske kwartel (Coturnix gomerae) wurdt fermoede dat de fêstiging fan 'e minske op 'e Kanaryske Eilannen, earne yn it earste milennium f.Kr., de reden foar it útstjerren wie. Mar Porto Santo waard pas yn 1418 ûntdutsen en hie foartiid gjin minsklike bewenning.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
