Poarperhin
| poarperhin | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Porphyrio porphyrio | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: net evaluëarre | ||||||||||||
De poarperhin (Porphyrio porphyrio) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e ralfûgel (Rallidae). De fûgel komt yn Súdwest-Europa en de noardwestlike râne fan Afrika foar. Sûnt 2021 wurdt de fûgel ek yn Nederlân waarnommen.
Kenmerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De poarperhin wurdt 38 oant 50 sm grut en hat skimerjende blauwe en pearse fearren. De snaffel en it skyld op 'e foarholle binne felread, lykas ek de poaten mei de lange teannen. De ûndersturtfearren binne wyt. Jonge fûgels binne doffer en ha in grizere snaffel en grizere poaten.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Earder bestie de poarperhin út seis ûndersoarten, mar nei in opsplitsing is de soarte no monotypysk. Noch net elkenien behannelet de fûgel neffens de nije yndieling.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar yn Spanje, Frankryk, Portegal, Sardynje en Sisylje, mar wreidet it gebiet yn Europa stadichoan út. Dêrnjonken libbet de fûgel ek yn it noardlikste part fan Marokko, Algerije en Tuneezje. It habitat bestiet út ûndjippe sompen mei swiet of brak wetter dy't mei reid begroeid binne. Op plakken dêr't se net ferfolge wurde kinne se ek yn doarpen sjoen wurde.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is in stânfûgel. Se swimme net in soad, mar libje fral yn it reid en op 'e grûn. Yn 'e flecht litte se de poaten hingje.

Se briede tusken de begroeiïng fan sompen, marren en baaien yn in nêst fan reid op it wetter oant 50 sm heech. Tusken april en juny wurde 5 oant 7 bêzje aaien lein mei donkere plakjes. It mantsje en it wyfke briede de aaien yn 22 oant 25 dagen út. Al gau ferlitte de jongen it nêst. Jonge fûgels begjinne nei likernôch 14 dagen sels iten te sykjen.
Poarperhinnen frette sied, dielen fan wetterplanten, spruten, wetterynsekten, wringeleazen en lytse amfibyen. Ek stelle se wol aaien of jongen fan oare wetterfûgels. Se brûke faak in poat om it fretten nei de bek te bringen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De poarperhin hat in grut ferspriedingsgebiet en de kâns op útstjerren is lyts. Oant de 19e iuw briede de fûgel yn Europa allinnich oan 'e kustkriten fan Ibearje en Itaalje. Njonken jacht late de ferneatiging, fragmintaasje en degradaasje fan it biotoop ta in foarse tebekslach foar de fûgel. Yn 'e jierren 1950 en 1960 leinen de lêste briedgebieten fan 'e fûgel yn Spanje en Portegal allinnich noch yn 'e meast súdlike gebieten en op Sisylje wie de fûgel yn 1957 útroege. Beskerming en weryntroduksje (yn Kataloanje en op Mallorca) brochten sûnt healwei de jierren 1970 werstel. Sûnt de jierren 1990 waard de fûgel ek yn Frankryk waarnommen, dêr't er yn 1996 foar it earst briede. Troch û.o. in suksesfol weryntroduksje projekt sûnt 2000 op Sisylje koe ek yn Itaalje de populaasje wer foars groeie. De lêste tiid bimme der ek waarnimmingen yn Belgje, Dútslân, Grut-Brittanje, Switserlân en Nederlân. Oer de soarte yn Afrika is net in soad bekend, mar it noardwesten fan Algerije is ien fan 'e bolwurken fan 'e poarperhin.
De IUCN behannelet de poarperhin noch jimmeroan as fûgel mei ûndersoarten en as sadanich wurdt de fûgel as net bedrige (2024) op 'e Reade list klassifisearre.) Der is gjin aparte status foar de West-Europeeske poarperhin.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
