Griiskoppoarperhin
| griiskoppoarperhin | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Porphyrio poliocephalus | ||||||||||||
| Latham, 1801 | ||||||||||||
| IUCN-status: net beöardiele | ||||||||||||
De griiskoppoarperhin (Porphyrio poliocephalus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Griiskoppoarperhinnen binne wetterfûgels mei donkere, skimerjende indigo- of pearse fearren mei reade snaffels en in read skyld op 'e foarholle. Alhoewol't de kleur fan 'e fearren regionaal ferskilt, binne de rêch en wjukken oer it generaal donkergrien of brún mei in griene glâns. It boarst en de kop fariearret fan ljochtblau oant griis. De sturt is koart en helderwyt oan 'e ûnderkant. Se ha lange oranjereade poaten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It grutste diel fan it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte leit fan it easten fan Pakistan oer it Yndysk subkontinint oant Súdeast-Aazje. Nei it westsen ta lizze fan dat gebiet in oantal lokale ferspriedingsgebieten oant it suden fan Turkije.
Birds of the World neamt de folgjende ûndersoarten:
- Porphyrio poliocephalus caspius (Hatert, 1917) – Kaspyske See, Noardwest-Iran en Turkije.
- Porphyrio poliocephalus seistanicus (Sarudny & M. Härms, 1911) – Súdeast-Turkije oant de Kaspyske See, Noardwest-Iran, Irakoant Pakistan en Noardwest-Yndia.
- Porphyrio poliocephalus poliocephalus (Latham, 1801), nominaatfoarm – Yndia en Sry Lanka oant súdwest-Sina en noardlik Tailân, de Andamanen en Nikobaren.
- Porphyrio poliocephalus viridis (Begbie , 1834) – Súdlik Myanmar oant Sintraal- en Súdlik Yndosina, it Maleizysk Skiereilân en Noard-Sumatra
(Viridis stiet net yn 'e Avibase-database, Caspius stiet net yn 'e IOC Worldbirdlist.)
Eksoat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Florida is in útwreidzjende populaasje, ôfkomstich fan healwei de jierren 1990 ûntsnapte finzen fûgels. Yn 'e jierren 2006-2008 binne tûzenen fûgels fongen om it bist dêr út te roegjen, mar de maatregels hienen in minimaal effekt en de fûgel wie al te talryk. It útroegingsprogramma waard dêrom stopset. De grutste populaasjes binne yn Miami, Fort Lauderdale en de Everglades te finen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Poarperhin
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren
- Eksoat yn de Feriene Steaten
