Amerikaanske poarperhin
| Amerikaanske poarperhin | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Porphyrio martinica | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Amerikaanse poarperhin (Porphyrio martinica) is in fûgel út de famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De folwoeksen fûgel hat by goed ljocht in skimerjend ultramarynblau fearrekleed mei grieneftige boppedielen. De snaffel is lyts en read mei in giele punt. De soarte liket op 'e Afrikaanske poarperhin (P. alleni), mar is grutter, hat folslein wite ûndersturtfearren en giele yn stee fan reade poaten. It skyld boppe de snaffel is ljochtblau. Net folwoeksen fûgels binne brún en harren snaffel en skyld op 'e foarholle binne ljocht fan kleur.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet yn 'e súdlike Feriene Steaten oant noardlik Argentynje en it Karibysk gebiet. Fan 'e ralfûgels ha Amerikaanske poarperhinnen it measte swalgedrach en se binne as swalker fier bûten harren ferspriedingsgebiet waarnommen. Guon fûgels ha sels de Atlantyske Oseaan oerstutsen en binne oant yn Súd-Afrika en Europa waarnommen.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eartiids waard de Amerikaanske poarperhin mei de Afrikaanske poarperhin en de azuerpoarperhin yn it aparte skaai Porphyrula yndield. De fûgel is no opnommen yn it fûgelskaai Porphyrio. De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferieling yn ûndersoarten is.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amerikaanske poarperhinnen komme foar yn begroeide wiete gebiieten, dêr't se oan 'e rânen of tusken de begroeiïng omskarrelje. Hy swimt selden.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De IUCN klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (Least Concern, 2025).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Poarperhin
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bermuda
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Sily
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
