Springe nei ynhâld

Wite poarperhin

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Porphyrio albus)
wite poarperhin
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftkraanfûgeleftigen (Gruiformes)
famyljeralfûgels (Rallidae)
skaaipoarperhinnen (Porphyrio)
soarte
Porphyrio albus
Shaw
† útstoarn
ferspriedingsgebiet

Lokaasje Lord Howe-eilân tusken Austraalje en Nij-Seelân.

De wite poarperhin (Porphyrio albus) wie in fûgel út 'e famylje ralfûgels (Rallidae) en is yn 'e earste helte fan 'e 19e iuw útstoarn as gefolch fan 'e oerbejaging fan 'e fûgel. Nei alle gedachten wie de wite poarperhin tsjin 1834 útstoarn.

De fûgel libbe op it Lord Howe-eilân en waard foar it earst troch Europeanen sjoen doe't Britske skippen it eilân tusken 1788 en 1790 besochten. De ferslaggen en yllustraasjes fan 'e fûgel datearje út dy tiid. Der binne fan 'e fûgel hjoed-de-dei noch mar twa hûden fan 'e soarte oerbleaun: it holotype yn it Natuerhistoarysk Museum fan Wenen en ien yn it World Museum Liverpool. Alhoewol't der betizing west hat oer de komôf fan 'e eksimplaren en de klassifikaasje en anatomy fan 'e fûgel, wurdt der tsjintwurdich fanút gien dat it om in aparte soarte gie, dy't endemysk wie foar it Lord Howe-eilân. De fûgel wie it meast ferlykber mei de Australyske poarperhin. Ek binne der subfossile bonken fûn.

Yllustraasje fan 'e trije fazes fan 'e wite poarperhin.

De 36 oant 55 sm grutte fûgel wie foar it grutste part wyt. Beide bekende hûden hawwe meast wite fearren, mar it eksimplaar fan Liverpool hat ek wat blauwe fearren. Dat is oars as de oare soarten yn it skaai. Ferslaggen skriuwe oer fûgels, dy't folslein wyt, folslein blau en mingd blau-wite fearren hienen. Jonge fûgels wienen swart en waarden blau en as se âlder waarden wyt. Alhoewol't dat ek as albinisme ynterpretearre is, kin it progressive fergrizing west hawwe, wêrby't fearren it pigmint mei de âldens ferlieze. De snaffel, it skyld op 'e foarholle en de poaten fan 'e fûgel wiene read en hy hie in klau (of spoar) op 'e wjuk.

Oer it hâlden en dragen fan 'e fûgel is net in soad bekend. Faaks koe de fûgel fleane, mar nei alle gedachten net goed. Dat en syn nuete gedrach makke fan 'e fûgel in maklike proai foar minsken dy't it eilân besochten. De fûgels waarden massaal mei stokken deaslein. Neffens rapporten wie de fûgel algemien ferspraat. Al hiel gau nei de earste besite fan minsken op it eilân ferdwûn de fûgel. Tusken de ûntdekking fan it eilân yn 1788 en de lêste waarnimming yn 1790 lizze mar twa jier. Mooglik wie de fûgel al útstoarn doe't yn 1834 it eilân bewenne waard. It is ien fan 'e acht fûgelsoarten op it eilân dy't troch minsklike yntervinsje útroege waard.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wite poarperhin fan Wikimedia Commons.