Springe nei ynhâld

Poros

Ut Wikipedy
Poros
Πόρος
geografy
lokaasjeSaroanyske Golf
ûnderdiel fanSaroanyske eilannen
lânflagge fan Grikelân Grikelân
koördinaten37°31' N 23°29' E
algemien
ynwennertal3.262 (2021) [1]
sifers
oerflak66.62 km²
heechste punt370 m
webside
poros.gr
kaart
Poros (Grikelân)
Poros

Poros (Gryksk: Πόρος) is in Gryksk eilân en in gemeente (dimos) yn 'e Saroanyske Golf. It eilân is ien fan 'e Saroanyske eilannen en heart sûnt 2011 bestjoerlik ta de Grykske bestjoerlike regio Attika.

It eilân hat in regelmjittige fearferbining mei Piraeus en wurdt yn 'e wykeinen en op feestdagen in soad besocht troch ynwenners út Atene.

Poros wurdt fan in tige smelle seeststrjitte fan 250 oant 400 m breed fan it fêstelân skieden. Lytse boatsjes farre geregeldwei nei de oare kant nei Galatas op 'e Peloponnesos.

Eins bestiet Poros út twa eilannen, dy't mei inoar ferbûn binne troch in smelle lântonge: it mei pinebosk begroeide Kalavría (Καλαυρεία) en it lytse, oarspronklik fulkanyske Spheria (Σφαίρια), dat no hast folslein beboud is mei de kleurige huzen fan 'e stêd Poros.

In pear km eastlikf fan Poros-stêd stiet it wite kleaster Zoödochos Pigi (itjinge "Libbensboarne" betsjut), dêr't in pear fersetshelden fan 'e Grykske Unôfhinklikheidskriich begroeven binne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Saroanyske eilannen

AngistriDokosEginaHydraPorosSalamisSpetsesChamiliSpetsopoulaTrikeriAgios Georgios
· · Berjocht bewurkje