Springe nei ynhâld

Populaasjeflessehals

Ut Wikipedy
In grafyk dy't de gefolgen fan in popu-laasjeflessehals op in populaasje werjout. De fertikale as jout de populaasjegrutte wer, en de horizontale as it tiidsferrin. De reade line jout it tiidstip fan 'e populaasjeflessehals wer. De swarte bûgde line is de populaasje, dy't nei de flessehals wer by de wâl op-klauwe kin (recovery) of delbûge kin ta útstjerren (extinction).

In populaasjeflessehals is in sterke delgong yn 'e grutte fan in populaasje, dy't foarsteld wurdt as in fernauwing, lykas de hals fan in flesse (dêrfandinne de namme). Soks kin foarkomme by organismen fan alderhanne soarten. De oarsaken kinne natuerlik wêze, lykas hongersneed, ierdbevings, oerstreamings, natoerbrannen, sykten en drûchten. Mar se kinne ek it gefolch wêze fan direkt of yndirekt minsklik yngripen, lykas genoside, oerbejaging, de opsetlike útrûging fan in bistesoarte as ûngedierte, oarloch, tige algemien geweld, habitatferneatiging en klimaatferoaring.

Troch it sterk en hommels belúnjen fan 'e populaasjegrutte nimt de fariaasje yn 'e mienskiplike genen fan 'e oanbelangjende populaasje ôf. De lytsere restpopulaasje moat it neitiid dus mei in lytser genetysk ferskaat stelle, wat yn neikommende generaasjes liede kin ta yntylt. It ferlies oan genetysk ferskaat kin op in te oersjenne termyn inkeld goedmakke wurde as de restpopulaasje opgiet yn in oare populaasje fan deselde soarte. As de restpopulaasje de hiele wrâldpopulaasje fan in soarte is, of as ferminging mei in oare populaasje om oare redens (bgl. ôfstân) net mooglik is, kin it genetysk ferskaat allinnich mar oer in perioade fan tsientûzenen jierren weromwûn wurde troch de natuerlike yntroduksje fan willekeurige mutaasjes yn it genoom.

Fan gefolgen is in restpopulaasje dy't efterbliuwt nei in populaasjeflessehals folle minder robúst as de oarspronklike populaasje wie. In lytser genetysk ferskaat betsjut dat de restpopulaasje folle kwetsberder is om troch in sykte hielendal útrûge te wurden, en teffens dat de restpopulaasje him minder goed oanpasse kin oan natuerlike seleksje yn 'e foarm oantaastings fan it natuerlike habitat, bgl. troch klimaatferoaring of in ferskowing yn 'e beskikbere helpboarnen. Behalven ta yntylt kin in populaasjeflessehals ek liede ta genetyske drift: it op drift reitsjen (feroarjen) fan it genoom fan in soarte, om't beskate genetyske skaaimerken dy't yn 'e oarspronklike populaasje as gehiel mar marzjinaal foarkamen, yn 'e restpopulaasje oerhearskjend oanwêzich binne.

Der besteane twa mooglikheden foar de restpopulaasje: wer by de wâl opklauwe, of stadichwei belúnje oant de ûndergrins fan in minimale libbensfetbere populaasje berikt is, wêrnei't útstjerren inkeld noch mar de útkomst wêze kin.

Foarbylden fan soarten dy't in populaasjeflessehals oerlibbe hawwe:

  • De wisint (Bison bonasus) drige troch oerbejaging oan it begjin fan 'e tweintichste iuw út te stjerren. Dat gefaar is no wykt, mar de hiele tsjintwurdige wrâldpopulaasje bestiet út 'e neiteam mar 12 eksimplaren. Dat makket dat de hjoeddeistige wisinten in tige leech genetysk ferskaat hawwe, wat mooglikerwize it fuortplantingsfermogen fan 'e bollen begjint oan te taasten.
  • De nau besibbe Amerikaanske bizon (Bison bison) is wat soartgelikens oerkommen. Dat bist waard yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw it slachtoffer fan in opsetlike útrûgingskampanje dy't derop rjochte wie om 'e Yndianen, dy't de fijannen fan 'e blanke kolonisten wiene, harren foarnaamste itensboarne te ûntnimmen. It wurdt rûsd dat der yn 1492, doe't Kolumbus Amearika ûntdiek, wol 60 miljoen Amerikanske bizons yn Noard-Amearika libben. Yn 1890 wiene dêr noch mar 750 fan oer. Yn 2000 wie dat lytse groepke wer oanwûn ta 360.000 bisten.
  • Fan 'e noardlike see-oaljefant (Mirounga angustirostris) wiene der yn 1890 troch oerbejaging ek noch mar sa'n 30 eksimplaren oer; no binne der wer hûnderttûzenen.
  • De goudhamster (Mesocricetus auratus) is populêr húsdier, mar de oergrutte mearderheid fan 'e domestisearre bisten stammet ôf fan yn nêst jonge goudhamsters dat om 1930 hinne yn 'e Syryske Woastyn oantroffen waard. Yn it wyld is dizze soarte no hast útstoarn.
  • It genoom fan 'e reuzepanda (Ailuropoda melanoleuca) lit sjen dat dy soarte sa'n 43.000 jier lyn in populaasjeflessehals trochmakke. Der besteane oanwizings dat de gouden stompnoasaap (Rhinopithecus roxellana), dy't yn itselde gebiet yn súdlik Sina libbet, om dyselde tiid hinne ek in populaasjeflessehals belibbe. It liket der sadwaande op dat dêr in ûnbekend natuerlik barren ferantwurdlik foar west hawwe moat, dat beide soarten trof.
  • It jachtloaihoars (Acinonyx jubatus) hat nei alle gedachten twa populaasjeflessehalsen oerlibbe. Ien foel likernôch 100.000  jier lyn foar en soe te krijen hân hawwe kinne mei de migraasje fan it jachtloaihoars fan Noard-Amearika nei Aazje (as dit bist teminsten yn Noard-Amearika ûntstien is, in punt dêr't gjin wittenskiplike konsensus oer bestiet). De oare populaasjeflessehals is datearre op 12.000–10.000 jier lyn, en wie mooglik ûnderdiel fan 'e Let-Pleistosene massa-ekstinksje. Fan gefolgen hat it jachtloaihoars in ekstreem lyts genetysk ferskaat.
  • De prêrjehin (Tympanuchus cupido) makke koartby noch in populaasjeflessehals troch, doe't de populaasje fan mear as 100 miljoen eksimplaren yn 1900 ynsakke ta noch mar 46 yn 1998. Oarsaken wiene oerbejaging en habitatferlies.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.