Poptagasthûs

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Poptagasthûs
Marssum, Popta gasthuis 1982 RM28620.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan de Waadhoeke.PNG De Waadhoeke
plak Marsum
adres Hegedyk 6
koördinaten 53°12′39″ N 5°43′48″ E
bysûnderheden
type bouwurk gasthûs
boujier 1711
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 28620

It Poptagasthûs is in earder gasthûs yn it Fryske doarp Marsum, yn it âlde Menameradiel (no De Waadhoeke). It gebou mei binnenhôf hat de status fan ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Poptagasthûs waard yn 1711 stifte troch dr. Henricus Popta, de doetiidske eigner (en de nammejouwer) fan it Marsumer Poptaslot. It wie in filantropysk ûndernimmen wêrby't in gasthûs (rêsthûs) ûntstie dêr't earmlestige froulju in soargeleaze âlde dei trochbringe koene. By it ferstjerren fan Popta, yn 1712, liet dyselde ek it Poptaslot nei oan 'e fâden fan it gasthûs.

It Poptagasthûs hie oarspronklik 26 ienkeamerswenten om in hofke hinne. De trochgong yn 'e midden fan 'e eastfleugel oan 'e Hegedyk hat in yngong mei in halsgevel. De omlisting yn Loadewyk XIV-styl mei Korintyske pilasters wurdt dêrby bekroane mei twa allegoaryske frouljusfigueren en it wapen fan Popta. De koarte fleugels oan 'e east- en westside fan it gebou hawwe halsgevels mei klaustikken.

Yn 1852 waard ek oan 'e noardkant, by de Buorren lâns, in rige huzen boud. It sânstiennen poartsje oan dy side fan it gebou, dat datearret út 1713, waard dêrby beholden. It poartsje hat Korintyske pilasters, festoenen en sierfazen, en jout tagong ta it hofke mei de oare wenten fan it gasthûs. Yn 1952 waarden de ienkeamerswenten ferboud ta gruttere wendielen, en tagelyk dêrmei waard fan it eardere waskhûs in tsjettelhûs makke.

Gallery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald et al., Fryslân: Monumenten in Nederland, Deel 6, Seist/Swol, 2000 (Rijksdienst voor de Monumentenzorg/Waanders), ISBN 9 04 00 94 764.