Poppo

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 nov 2018 om 00.58 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (→‎Neiteam: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Poppo
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Frysk
bertedatum ?
stjerdatum 734
Kening fan de Friezen
regear 719 - 734
foargonger Redbad
opfolger ûnbekend

Poppo († 734), ek wol Bubo of Bobba neamd, wie nei alle gedachten in Fryske kening út de 8e iuw. Hy is nei Aldgillis en Redbad de tredde Fryske hearsker op rige dêr't skriftlike boarnen fan binne en wurdt almeast beskôge as de lêste kening fan it Fryske Ryk.

Opfolger fan Kening Redbad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skriftlike boarnen út de Iere Midsiuwen swije oer de opfolger fan Redbad. Om't Poppo oerlevere is as oanfierder fan it Fryske leger by de striid tsjin de Franken, wurdt der meastentiids fan útgien dat hy de opfolger west hat fan Redbad, en mooglik ek syn soan wie. Oertsjûgjend bewiis foar dy lêste stelling ûntbrekt lykwols en troch Herre Halbertsma is dêr tsjinyn brocht dat it ûntbrekken fan manlik skaai krekt de reden west hat foar it houlik tusken Redbad syn dochter en Grimoald II de soan fan Peppyn II yn 711. [1]

Neffens histoarisy as P.C.J.A. Boeles en H. Halbertsma strekke Radbod’s ryk him út oer hiel Frisia, fan Swin oant Wezer, oaren as W.A. van Es miene dat syn bewâld him beheind ta it Midden-Nederlânske rivieregebiet en parten fan Hollân. Dêrom is ek wol oppere dat Poppo in lokale hearsker wie dy't los fan Redbad in diel fan it Fryske territoria (it hjoeddeiske Frieslân) behearste. [2].

Súdlik Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under Redbads regear hat it Fryske Ryk syn grutste gebietsútwreiding kend. Foar de súdlike gebieten wie dêrby slach levere mei de Franken. De Franken waarden ferjage mar hofmeier Karel Martel makke oan dy situaasje wer in ein. Koart nei Redbad syn dea yn 719 is hy deryn slagge om in part fan de Friezen ûnderhearrich te meitsjen. It stuit en plak fan in beskiedende see- of fjildslach binne troch de kronykskriuwers net optekene, mar in jier nei Redbad syn dea wie Fryslân bewesten fan it Fly: (Seelân, Hollân en Utert) yn Frankyske hannen. It ûntbrekken fan in gaadlike opfolger hat de Friezen by dat ferlies parten spile. Der bestean oanwizings dat de pleatslike elite belutsen wie by de machtsoername troch Karel Martel. [3]. Nei alle gedachten hawwe sy de side keazen fan it Frankyske ryk en Poppo net stipe jûn as Redbad syn opfolger. Oannomd wurdt dat Poppo nei de nederlaach in ferdrach mei Karel Martel sletten hat.

Sintraal Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under Poppo hawwe de Friezen yn sintraal Fryslân tusken Fly en Lauwers noch in skoftlang frede hân mei de Franken. Dêroan kaam in ein doe't Karel Martel yn 733 op 'e nij tsjin him opluts. Mei in float stuts de Frankyske hofmeier it Fly oer, lanne yn Westergoa en ferjage it leger fan de Friezen tebek nei Eastergoa. It jier derop kaam hy wer op Fryslân ta en ferneatige it Fryske leger ûnder Poppo yn de Slach oan de Boarn. De Fryske kening sneuvele yn de striid en de Frankyske oerwinning makke in ein oan it ryk fan de Fryske keningen.

Neiteam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de Dútske historikus Jaekel wie de lettere greve Alfbad fan Eastergoa, in soan fan Poppo. Jaekel basearre syn stelling op it feit dat de Karolingers de Frysk eallju ynskeakele by it bestjoer fan it ferovere lân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Jaekel, H., Die Grafen von Mittelfriesland aus dem Geschlechte Konig Ratbods, (Gotha, 1895).
  • Gosses,I.H., Handboek tot de staatskundige geschiedenis van Nederland, 1947.
  • Herre Halbertsma, Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang, Utert, 2000, pag. 253.

Primêre boarne:


  1. H. Halbertsma (2000), Frieslands Oudheid, side 126
  2. W.A. van Es, Dorestad centred, yn: J.C. Besteman, J.M. Bos en H.A. Heidinga (red.), Medieval Archaeology in the Netherlands, Studies presented to H.H. van Regteren Altena (Assen/Maastricht, 1990) siden 151 - 182
  3. D.P. Blok, De Franken in Nederland, side ?