Poppel
| Poppel | ||
| Alde gemeentehûs. | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 4.080 (2024) [1] | |
| Oerflak | 31,58 km² | |
| Oar | ||
| Postkoade | 2382 | |
| Koördinaten | 51°26' N 5°2' E | |
| Kaart | ||
Poppel is in grinsdoarp tichteby Nederlân yn 'e Belgyske provinsje Antwerpen. Oant in gemeentlike weryndieling yn 1977 wie Poppel in selsstannige gemeente.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Poppel is mooglik fan pope (flinter) of fan 'e popelbeam ôflaat. Yn 'e omkriten fan it plak binne fynsten fan 'e Tsjongerkultuer ûntdutsen. Ek út it neolitikum en de brûnstiid binne fynsten lykas bilen en grêfurnen fûn. Op ferskillende plakken ûntstiene Frankyske delsettings.
Tsjin 'e ein fan 'e 13e iuw wie Poppel besit fan 'e hartoggen fan Brabân. Under Jan I fan Brabân waard de frijheid Weelde ynsteld, dêr't ek Poppel ûnder foel. Dy hearde by it Kertier fan Oisterwijk, mar yn 1347 kaam Poppel ûnder it Lân fan Turnhout.
Mei de Frede fan Munster yn 1648 waard Poppel in grinsplak.
Njonken lânbou en lekkenweverij ûnstie yn 'e 19e iuw mei de tekstylyndustry yn Goirle ek yn Poppel in thúsweverij.
Doe't Belgje yn 1830 yn opstân kaam tsjin Willem I, lutsen troepen út Nederlân op 'e iere moarn fan 2 augustus 1831 by Poppel oer de grins fan it hjoeddeiske Belgje en dêrmei sette de Tsiendeiske Fjildtocht útein.
It ûnlân om Poppel hinne waard pas yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw oanmakke. Tusken 1853 en 1854 waard de dyk fan Weelde oer Poppel nei Goirle oanlein. Yn 1903-1905 waard yn it plak in molkfabryk boud en yn 1906 krige it plak in tramferbining nei Turnhout, dy't yn 1906 nei Tilburch trochlutsen waard. Yn 1948 kaam der in ein oan 'e tram.
Yn 'e lêste jierren fan 'e 20e iuw hawwe in soad Nederlanners harren yn Poppel nei wenjen setten en binne der nij wenwiken boud.
Op 1 jannewaris 1977 einige de selsstannigens fan Poppel as gemeente en waard it plak ûnderdiel fan 'e nije gemeente Ravels. By de âlde gemeente Poppel hearde ek de buorskip Nieuwkerk, dat yn 'e bosken oan 'e grins mei Nederlân leit. De buorskip tanket de namme oan in skûltsjerke, dy't dêr foar de parochy fan Goirle boud waard nei't de preester fan Goirle foar de protestanten flechtsje moast. Oant 1815 hearre Poppel, Ravels en Nieuwkerk by de provinsje Antwerpen en de gemeente Goirle by de provinsje Noard-Brabân.
Gea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Poppel leit yn 'e Noarderkempen, in flak sânich lânskip op in hichte tusken 21 en 31 m. Sûnt healwei de 19e iuw is it lân oanmakke en ûnstiene der nullebosken en grutgrûnbesit lykas De Schrieken. De Molenheid is in bosk yn it noardlike doarpsgebiet by it Nederlânske natuergebiet Gorp en Roovert.
Eastlik fan it doarp streamt de Aa of Rovertse Leij. Westlik fan it doarp streamt de Poppelse Leij.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Sint-Falentinustsjerke is in neogoatysk tsjerkegebou fan 1906. De toer is yn 'e styl fan 'e Kempyske gotyk mei steunbearen en in treptoer.
- De pastorije fan Poppel hat in barokke doar en yn 'e pastorije binne wandskilderingen oanbrocht.
- It âlde gemeentehûs is in eklektysk gebou út 1903-1905 neffens it ûntwerp fan J. Taeymans. It gebou datearret fan 1903-1905 en stiet op it plak fan in eardere kapel.
- Oan 'e grins mei Nederlân stiet yn Hulsel de Rovertkapel út 1735.
- It kastiel De Schrieken is in 19e-iuwsk ûntwerp fan Pieter Jozef Taeymans yn 'e Flaamske neorenêssânsestyl.
- De Pannenhoef giet werom op in 18e iuwske pleats, dy't oan 'e ein fan 'e 19e iuw foar in part ferboud en yn 1926 útwreide waard. By it gebouwekompleks stiet ek in dowetil út 1863.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
