Springe nei ynhâld

Pontyske miuw

Ut Wikipedy
Pontyske miuw
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaimiuwen (Larus)
soarte
Larus cachinnans
Pallas, 1811
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     stânfûgel

     wintergast


De Pontyske miuw (Larus cachinnans) is in fûgel út de famylje seefûgels (Laridae). Earder waard de soarte as in ûndersoarte beskôge fan 'e sulvermiuw (Larus argentatus), mar de taksonomyske status fan 'e Pontyske miuw is net sûnder strideraasjes.

Yn 'e flecht.

De fûgel wurdt likernôch 54 sm lang en hat in spanwiidte fan 123 oant 148 sm. De snaffel is trochstrings wat smeller as die fan 'e sulvermiuw. Ek hat er langere poaten en langere wjukken. Syn poaten binne bleek rôze oant gieleftich. De rêch en de wjukken binne ljochtgriis, de bûtenste fearren fan 'e wjukken ha meast dúdlike wite einen en in wite "tonge" dy't yn it swart fan 'e haadpinnen trochrint.

Pontyske miuwen ha in soad fan sulvermiuw en de gielpoatmiuw en der is ûnderfining nedich om de fûgel mei wissens te ûnderskieden, fral as it giet om ûnfolwoeksen fûgels bûten it briedgebiet. Om mei wissens fêst te stellen dat it om in Pontyske miuw giet, moatte der meardere diagnotyske details fêststeld wurde.

De Pontyske miuw heart ta in groep, dy't troch de ornitologen it grutte silvermiuwekompleks neamd wurdt. Yn dat kompleks sitte ferskillende ljochtgrize miuwen, lylas de sulvermiuw, de gielpoatmiuw (Larus michahellis) en in pear eastlike foarmen. De grinzen tusken de soarten binne net skerp en soargje foar in soad diskusje ûnder ornitologen. Dêrnjonken kinne se ek hybridefoarmen ûntwikkelje, itjinge it ûnderskieden noch dreger makket.

Earder waard tocht dat de Pontyske miuw allinnich briede yn it gebiet om 'e Kaspyske See hinne en eastlik oant Transbaikal. Letter waard ûntdutsen dat de soarte ek briedt yn Poalen en Dútslân en eastlik oant de Balkasjmar en de meast westlike dielen fan Sinkiang. Guon fûgels migrearje en oerwinteringsgebieten lizze oan 'e súdeastkust fan Sina, om de Perzyske Golf hinne en yn 'e kustkriten fan Pakistan, oan 'e Reade See, oan 'e kusten fan Turkije, sawol yn it noarden rjochting de Swarte See as yn súdwestlike rjochting de Middellânske See, en oan 'e kusten fan Noard-Europa, fral dy fan Nederlân, Denemark, Dútslân en Poalen.

De Pontyske miuw wie earder in wintergast yn Nederlân, mar sûnt 2014 briedt de fûgel ek yn Nederlân yn 'e Iselmar op 'e Kreupel. Fral sûnt 2019 nimt it oantal briedgefallen foars ta. Hjoed-de-dei kin de fûgel yn it hiele lân sjoen wurde oan 'e rivieren, rânemarren en by stêden en oan 'e kusten.[1]

Briedende fûgel mei piken yn it Donau Biosfearreservaat.

De Pontyske miuw hat in grut ferspriedingsgebiet en wurdt troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, 2018) klassifisearre. De Europeeske populaasje wurdt op likernôch 108.000 oant 175.000 folwoeksen fûgels rûsd (BirdLife International 2015). Oannommen wurdt dat de oantallen fan 'e soarte tanimme. De fûgel hat in soad te lijen fan lytse oaljeloazingen lykas yn Azerbeidzjan, mar de ympakt dêrfan op 'e ûntwikkeling fan 'e populaasje is net grut.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: