Springe nei ynhâld

Ponapee-iisfûgel

Ut Wikipedy
Ponapee-iisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaitodysnaffeliisfûgels (Todiramphus)
soarte
Todiramphus reichenbachii
Hartlaub, 1852
kwetsber

De Ponapee-iisfûgel (Todiramphus reichenbachii)) is in fûgelsoarte fan it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus)út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). Eartiids waard de fûgel as in ûndersoarte fan 'e Gûamiisfûgel (T. cinnamominus) beskôge. De fûgel wurdt as in monotypysk soarte beskôge, itjinge betsjut der der gjin ûndersoarten fan binne.

De 20 sm lange Ponapee-iisfûgel hat in donkere, grienblauwe rêch, in sniewite kraach en ûnderkant, in swarte eachstreek en in oranje kroan.

De soarte komt op it eilân Pohnpei (oant 1990 Ponapee) yn Mikroneezje foar. It is de iennige iisfûgelsoarte op it eilân.

It biotoop fan 'e fûgel bestiet út in boskrike omjouwing, lykas boskrânen, tunen en jonge bosken.

In rûzing fan 2014 giet út fan 10.000 oant 20.000 fûgels. In areaal heechlânbosk is tusken 1975 en 1995 foar mear as 60% ôfnommen. Mei't it bosk hjoed-de-dei fragmintearre is troch de tylt fan kava is it bosk kwetsber woarn foar ynvasive soarten lykas de brune slang, dy't op it eilân Guam it útstjerren fan ferskillende fûgelsoarte feroarsake. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantal ôfnimt. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de fûgel as kwetsber (VU) op 'e Reade list (2017).

De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel is in earbetoan oan Heinrich Gottlieb Ludwig Reichenbach (1793-1879), in Dútske soölooch en botanikus.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: