Polymorfy (biology)
Polymorfy (fan it Grykske πολύς, polys, "folle" of "mear", en μορφή, morfe, "foarm") is yn 'e biology it foarkommen fan ferskillende fenotypes of oare fariaasjes fan uterlik binnen ien-en-deselde soarte. Sokke ferskillen binne faak trasearber as fariaasjes fan it DNA, mar se kinne ek it resultaat wêze fan miljeufaktoaren.
In bekende foarm fan polymorfy is seksuele dimorfy, it feit dat by in protte soarten bisten it mantsje en it wyfke in dúdlik ferskillend uterlik hawwe. Dat is bygelyks it gefal by de fazant (Phasianus colchicus), mar ek by de liuw (Panthera leo). In oar foarbyld is it fan natuere foarkommen fan in melanistyske ferskiningsfoarm by beskate bistesoarten. Dat is bygelyks by it loaihoars (Panthera pardus) en de jagûar (Panthera onca) sa, wêrfan't de melanistyske foarm (by beide soarten) bekend stiet as in swarte panter. Ferskil fan uterlik tusken ûnderskate ûndersoarten fan deselde soarte is dan wer gjin foarm fan polymorfy.
- seksuele dimorfy by de fazant
- In normaal kleure jagûar
- In melanistyske jagûar
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
