Springe nei ynhâld

Polityk yn Fryslân

Ut Wikipedy
De Steateseal fan it Frysk Parlemint yn Ljouwert.

De polityk yn Fryslân omfiemet ferskate bestjoerslagen dy’t tegearre de bestjoerlike en demokratyske struktuer fan de provinsje Fryslân foarmje. Fan de gemeentlike polityk oant de Jeropeeske fertsjintwurdiging spylje sawol lokale as nasjonale en ynternasjonale ynfloeden in rol. De polityk yn Fryslân wurdt karakterisearre troch in kombinaasje fan regionale belangen, taalbewustwêzen en dielname oan it bredere Nederlânske en Jeropeeske politike systeem.

Gemeentlike polityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch: Fryske gemeenteriedsferkiezings 2026 foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

De gemeentlike polityk foarmet de basis fan it bestjoer yn Fryslân. De provinsje bestiet út 18 gemeenterieden, mei-inoar goed foar 410 gemeenteriedsleden. Dizze rieden wurde keazen troch de ynwenners en hâlde harren dwaande mei lokale saken lykas romtlike oardering, sosjale foarsjennings en pleatslike ynfrastruktuer. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders is ferantwurdlik foar it deistich bestjoer fan de gemeente. De lêste ferkiezings wiene de Fryske gemeenteriedsferkiezings fan 2026.

Sitferdieling fan alle gemeenten opteld yn 2026

██ PvdD

██ SP

██ GL

██ PvdA

██ D66

██ CU

██ CDA

██ SGP

██ BBB

██ VVD

██ JA21

██ PVV

██ FVD

Nederlânske partijen
1 5 52 5 20 18 71 2 11 37 2 4 19
247
Fryske partijen
25 41 11 21 33 20 12
163

██ Progressyf

██ Fryske Nasjonale Partij

██ Midden

██ Lokaal Belang

██ Provinsjaal Belang Fryslân

██ Liberaal

██ Rjochts

Provinsjale polityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sitferdieling Frysk Parlemint 2023
1
1
3
5
1
2
4
4
1
14
3
1
2
1
1 1 3 5 1 2 4 4 1 14 3 1 2 1 
Sa binne de 43 sitten ferdield:
Sjoch: Frysk parlemint foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Op provinsjaal nivo wurdt Fryslân bestjoerd troch de Provinsjale Steaten fan Fryslân, dy’t út 43 sitten bestiet. De leden fan de Steaten wurde alle fjouwer jier keazen. Sy stelle it belied fêst op gebieten lykas romtlike ûntwikkeling, natoerbehear, taalbelied en regionale ekonomy. It deistich bestjoer leit by de Deputearre Steaten fan Fryslân, ûnder lieding fan de kommissaris fan de Kening. De lêste ferkiezings wiene de Fryske Steateferkiezings fan 2023. It bestjoer yn de perioade 2023-2027 bestiet út BBB, CDA, FNP en CU.

Sjoch: Wetterskip Fryslân foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Njonken de provinsje en gemeenten hat Fryslân ek in eigen wetterskip, dat ferantwurdlik is foar wetterbehear, wetterfeiligens en wetterkwaliteit. It wetterskipsbestjoer wurdt foar in part keazen en foar in part beneamd. It spilet in wichtige rol yn in provinsje dêr’t wetter in sintraal elemint is yn it lânskip en it wenjen.

Lanlike polityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Habtamu de Hoop behelle sawol yn 2023 as yn 2025 fan alle Friezen de measte Fryske stimmen.
Sjoch: Kieskring Fryslân foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Op lanlik nivo nimme ferskate Friezen diel oan de ferkiezings foar de Twadde Keamer. Mei in stimoanpart fan likernôch 4% hat kieskring Fryslân ornaris 'rjocht' op in evenredich oanpart fan seis fan de 150 mandaten. By de Twadde Keamerferkiezings fan 2025 binne der tafalligerwize ek seis leden mei in Fryske eftergrûn ferkeazen:

Sy fertsjintwurdigje ferskillende politike streamingen en drage by oan de ynbring fan Fryske belangen yn it lanlike debat. Tegearre wurde se troch oare Keamerleden ek wol it 'Friesvak' neamd.[1]

Jeropeeske polityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Raquel García Hermida-van der Walle is berne yn Madrid, mar wennet al jierren yn Fryslân.
Sjoch: Nederlânske ferkiezings foar it Jeropeesk Parlemint foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Fryslân is ek fertsjintwurdige yn de polityk fan Jeropa, dêr’t besluten nommen wurde dy’t ynfloed hawwe op regionale ûntwikkeling, lânbousubsydzjes en allerhanne oare rigeljouwing. De hjoeddeiske fertsjintwurdiger út Fryslân yn it Europeesk Parlemint is Raquel García Hermida-van der Walle (D66) út De Gordyk. Sy spilet in rol yn it ferbinen fan regionale belangen mei Jeropeeske beliedsfoarming en set har yn foar de rjochten fan froulju en striidt se tsjin korrupsje. Ien fan har assistinten is Sjirk Eildert Bruinsma; foarsitter fan De Fryske Beweging.

  1. ↑ Fryske Keamerleden wurkje gear op Fryske ûnderwerpen en hawwe yn Den Haag al in bynamme krigen - Omrop Fryslân
Twadde Keamerferkiezings

1946nl · 1948nl · 1952nl · 1956nl · 1959nl · 1963nl · 1967nl · 1971nl · 1972nl · 1977nl · 1981nl · 1982nl · 1986nl · 1989nl · 1994nl · 1998nl · 2002nl · 2003nl · 2006nl · 2010nl · 2012nl · 2017nl · 2021nl · 2023nl · 2025nl

Provinsjale Steateferkiezings

1946 · 1950 · 1954 · 1958 · 1962 · 1966 · 1970 · 1974 · 1978 · 1982 · 1985 · 1987 · 1991 · 1995 · 1999 · 2003 · 2007 · 2011 · 2015 · 2019 · 2023 · 2027

Gemeenteriedsferkiezings

1946 · 1949 · 1953 · 1954 · 1958 · 1962 · 1966 · 1970 · 1974 · 1978 · 1982 · 1986 · 1990 · 1994 · 1998 · 1999 · 2002 · 2006 · 2010 · 2014 · 2018 · 2022 · 2026

· · Berjocht bewurkje