Franklingrûniikhoarntsje
| franklingrûniikhoarntsje | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Poliocitellus franklinii | ||||||||||||
| Sabine, 1822 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It franklingrûniikhoarntsje of Franklins grûniikhoarntsje (wittenskiplike namme: Poliocitellus franklinii) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en it monotypyske skaai fan 'e franklingrûniikhoarntsjes (Poliocitellus). Dit bistke, dat ferneamd is nei de Britske poalreizger sir John Franklin, is lânseigen yn 'e midden fan Noard-Amearika. It is in grûniikhoarntsje fan gemiddelde grutte mei in omnivoar dieet, dat acht moannen fan it jier yn wintersliep is. Nettsjinsteande in delgeande populaasjetrend klassifisearret de IUCN it franklingrûniikhoarntsje foarearst noch as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It franklingrûniikhoarntsje waard foar it earst yn 1822 wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske soölooch Joseph Sabine, dy't it bistke ferneamde nei de op ien fan syn reizen troch it poalgebiet spoarleas ferdwûne Britske ûntdekkingsreizger sir John Franklin (pas yn 1854 kaam oan it ljocht wat der fan him en syn ekspedysje wurden wie). Foarhinne waard dit bist mei hast alle oare grûniikhoarntsjes ta de grutte skaai Spermophilus rekkene, mar út DNA-ûndersyk die yn 2004 bliken dat dat parafyletysk en dêrom net jildich wie. Dêrop binne de grûniikhoarntsjes oer ferskate nije skaaien ferdield. It franklingrûniikhoarntsje hie binnen Spermophilus al in eigen ûnderskaai, en dat ûnderskaai is doe promovearre ta it monotypysk skaai fan 'e franklingrûniikhoarntsjes (Poliocitellus).
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It franklingrûniikhoarntsje hat in grutte fersprieding yn it sintrum fan it Noardamerikaanske kontinint, dat it noardeastlike part fan 'e Grutte Flakten beslacht, mei dêropta in diel fan 'e oanbuorjende wâldgebieten direkt bewesten de Grutte Marren. Yn Kanada omfettet it areaal fan it franklingrûniikhoarntsje de súdwestlike helte fan 'e provinsje Manitoba, dielen fan it suden fan Saskatchewan en it súdeasten fan Alberta en it uterste súdwestlike hoekje fan Ontario.

Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten wreidet it ferspriedingsgebiet fan it franklingrûniikhoarntsje him út oer hiel Iowa en hiel Minnesota útsein de Pylkpuntkrite yn it uterste noardeasten. Fierders hearre der ek ta: it eastlike twatrêdepart fan Noard-Dakota, de eastlike helte fan Súd-Dakota, it easten en suden fan Nebraska, it noardeastlike twatrêdepart fan Kansas, it noardeasten fan Oklahoma, it noardlike trijefearn fan Missoery en Illinois, it westen en suden fan Wiskonsin, it uterste noardwestlike hoekje fan Indiana en it uterste súdwestlike puntsje fan Neder-Michigan.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It franklingrûniikhoarntsje is foar in grûniikhoarntsje fan gemiddelde grutte. It hat trochinoar in kop-romplingte fan 21–26 sm, mei in sturtlingte fan 11–15 sm. It gewicht ferskilt neffens de tiid fan it jier, mei't de bistkes sterk fermeagere út harren wintersliep wekker wurde. De mantsjes weagje by 't maityd likernôch 370 g mar kinne oan 'e ein fan 'e simmer wol 950 g wêze. De wyfkes binne wat lichter, mei 320 g by 't maityd en oant 760 g om simmersein hinne. De pels is op 'e rêch brunich griis fan kleur, mei sawol dûnkerder as ljochtere spikkels dertrochhinne. De siden ljochtsje wat leger wat mear ta en geane úteinlings oer yn it krêmkleurige hier op 'e bealch. De kop is effen griis, en de sturt, dy't it oansjen fan in lytse plomsturt hat, is griis oant swart.
Op in protte manearen hat it franklingrûniikhoarntsje sterk wei fan it grize iikhoarntsje (Sciurus carolinensis), mar de plomsturt is koarter en hat minder lang hier, de earen binne koarter en de klauwen langer. It franklingrûniikhoarntsje kin ek betize wurde mei it richardsongrûniikhoarntsje (Urocitellus richardsonii), dat foarser is en in langere sturt hat, of mei it Kolumbiagrûniikhoarntsje (Urocitellus columbianus), dat in rodziger pelskleur hat.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Franklingrûniikhoarntsjes binne bewenners fan 'e langgerzige prêrje, dêr't tichte, opgeande fegetaasje is om beskûl te bieden. Ek kinne se oantroffen wurde by boskrânen en de iggen fan moerassen lâns.

Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It franklingrûniikhoarntsje is in deidier, dat de nachten trochbringt yn in eigengroeven hoale. Dy is almeast oanlein op in steile skeante en hat in diameter fan likernôch 8 sm. Sokke hoalen binne trochinoar 43 sm djip en hawwe oer it algemien trije útgongen. Se besteane út ien inkele, mei drûge planten beklaaide nêstromte en in stikmannich gongen dy't nei romten foar itensopslach en in latrine liede. Eltse hoale wurdt by 't maityd en simmerdeis bewenne troch ien of heechút twa franklingrûniikhoarntsjes, mei't de bistkes dan net botte sosjaal binne. By 't winter kloftsje ferskate bistkes gear yn ien hoale om mei-inoar wintersliep te hâlden.
Mantsjes fêstigje maityds in territoarium fan 24 ha, en wyfkes hawwe in territoarium fan sa'n 9 ha. Dêrby moat oantekene wurde dat de territoaria fan ferskate bisten inoar foar in grut diel oerlaapje. De populaasjetichtens rint sadwaande útinoar fan 1,3 oant 2,5 bisten de hektare.
Franklingrûniikhoarntsjes hâlde acht moannen yn it jier in wintersliep, dy't rûchwei fan augustus oant april duorret. De krekte doer fariëarret nei yndividu. Mantsjes geane oer it algemien earder yn wintersliep as wyfkes, en wurde dan ek navenant earder wekker. Alle folwoeksen eksimplaren geane earder yn wintersliep as de healwoeksen jongen dy't datselde jier berne binne.
It franklingrûniikhoarntsje hat ferskate rookklieren. Sa sitte der lytse klieren by de hoeken fan 'e bek, dy't skynber brûkt wurde by it begroetsjen fan soartgenoaten. Oer de siden rint in rige rookklieren fan it skouder oant de heup, dy't mooglik brûkt wurde om hoalen te markearjen. De grutste rookklieren fan it franklingrûniikhoarntsje binne lykwols de trije anaalklieren, ien boppe de anus en ien oan eltse sydkant. Dy komme foar by beide geslachten en produsearje yn 'e peartiid in muskuseftige rook.
De peartiid begjint foar franklingrûniikhoarntsjes sadree't de wyfkes by 't maityd út 'e wintersliep wekker wurde en giet troch oant yn juny. Yn dy tiid diele in mantsje en wyfke soms ien hoale. De draachtiid duorret 28 dagen, wêrnei't it wyfke 2–13, mar trochinoar 8 jongen smyt. Dy komme keal en blyn te wrâld. De eachjes geane mei 18–20 dagen iepen, en mei 30 dagen wurde de jongen ôfwûn. Koart dêrnei moatte se foar harsels soargje. Mantsjes binne mei in jier geslachtsryp, mar wyfkes nimme pas oan 'e fuortplanting diel as se 2 jier binne. De wyfkes hawwe yn it wyld in libbensferwachting fan 4–5 jier, wylst de mantsjes yn 'e regel net âlder wurde as 2 jier.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It franklingrûniikhoarntsje is in omnivoar. By 't maityd en tsjin simmersein bestiet it dieet fierhinne út plantaardich guod. Yn 't earstoan giet it dêrby fral om plantewoartels en nije útrinners, mar neigeraden dat de tiid foarderet, ferskoot it menu nei blêden en blommen, en úteinlik nei fruchten en sieden. De (foar in diel) ynnommen planten binne û.o. de hynsteblom (Taraxacum officinale), de grutte brânnettel (Urtica dioica), de trosflear (Sambucus racemosa), de wite klaver (Trifolium repens) en ferskate wylde eartesoarten (Lathyrus ). Ek grienten en oare lânbougewaaksen yn kokentunen meie franklingrûniikhoarntsjes graach beplúzje. Oan it begjin fan simmer foarmet dierlik fretten ek in wichtich part fan it dieet. Dêrby giet it om ynsekten en oar lyts wringeleas dierte, lykas spinnen en wjirms, mar ek om aaien, hagedissen, kikkerts, fisken, lytse kjifdieren en soms sels kninen of in folgroeide wylde ein (Anas platyrhynchos).
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijân fan it franklingrûniikhoarntsje is de sulverdas (Taxidea taxus). Oare bisten dy't wolris in franklingrûniikhoarntsje snippe, binne de prêrjewolf (Canis latrans), de foks (Vulpes vulpes), de kitfoks (Vulpes velox), de grize foks (Urocyon cinereoargenteus), de wezeling (Mustela nivalis), de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii), de Amerikaanske nerts (Neogale vison), de reade lynks (Lynx rufus) en ferskate soarten haukfûgels en slangen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It franklingrûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige". Nettsjinsteande dat bestiet der in delgeande populaasjetrend, dy't sa stadichoan by natoerbeskermers soargen opropt. Fral yn it eastlike part fan it ferspriedingsgebiet buorket it franklingrûniikhoarntsje hurd efterút, wat benammen te witen is oan habitatfragmintaasje.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It franklingrûniikhoarntsje is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin (of alteast gjin algemien erkende) ûndersoarten binne.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

