Polandball

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Foarbyld fan in Polandball
Fryske Polandball

Polandball, ek wol bekend as countryball, is in ynternet-meme dy ûntstien is op it /int/-board op it Dútske imageboard Krautchan.net, yn de twadde helte fan 2009. De meme manifestearret him yn in grut oantal strips wêryn't lannen as personaazjes faak yn brutsen Ingelsk mei elkoar kommunisearje. De personaazjes binne rûchwei sirkelfoarmich en hawwe de kleuren fan 'e flagge fan it oangeande lân. Yn 'e strips giet it meastal om grappen oer nasjonale stereotypen, ynternasjonale betrekkings en histoaryske konflikten. De strips wurde meastal Polandball (sels as Poalen der net yn foarkomt) of countryball neamd.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]