Pokrovsky-kleaster (Kiëv)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Pokrovsky-kleaster

Покровський монастир

De Nikolaaskatedraal
De Nikolaaskatedraal
lokaasje
lân Flag of Ukraine.svg Oekraïne
lânsdiel Flag of Kiev Oblast.svg Kiëv oblast
plak Flag of Kyiv Kurovskyi.svg Kiëv
adres Bechterevsky Prov.
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier Ein 19e iuw
arsjitekt Vladimir Nikolajevitsj Nikolajev
boustyl Pseudo-russyske styl
webside It kleaster op de side fan Otterdoksk Kiëv

It Pokrovsky-kleaster (Oekraynsk: Покровський монастир) of it Kleaster fan de Foarbea en de Beskerming fan de Mem Gods is in otterdoksk kleaster yn it bisdom Kiëv van de Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke (patriargaat Moskou).

It Pokrovsky-kleaster oan de Bechterevsky Provûlok moat net betiizge wurde mei it kleaster mei deselde namme foar muontsen, dat yn oan de súdlike kant fan Kiëv leit.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stifting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Pokrovsky-kleaster (1910)

It kleaster waard op 11 jannewaris 1889 troch grutfoarstinne Aleksandra Petrovna Romanov (yn har bernetiid Alexandra Frederika Wilhelmina van Holstein-Gottorp) stifte, nei't hja troch har ûntrouwe man grutfoarst Nikolaas út de hûshâlding ferballe waard en nei Kiëv ferhûze. Hja waard non, naam de kleasternamme Anastasia (Russysk: Анастасия) oan en stiek har hiele kaptaal yn de bou fan it kleaster, dat ek funksjonearre as sikenhûs foar earme minsken. Yn de rin fan de tiid (1889-1911) ûntstiene der sa'n 30 gebouwen op it kleasterterrein: njonken tsjerken en ûnderkommens foar de nonnen waarden tal fan gebouwen mei in sosjale en medyske funksje tafoege oan it kompleks. Aleksandra Petrovna liet it sikenhûs fan de modernste apparatuer foarsjen en it wie it earste sikenhûs fan Kiëv dêr't in röntgenapparaat kaam te stean. Yn de earste tsien jier (1893-1903) makken mear as 5.000 pasjinten gebrûk fan it sikenhûs, medisinen waarden sûnder jild te freegjen oan de minsken jûn en der waarden yn dat tiidrek mear as 2.200 operaasjes waarden útfierd op de sjirurgyske ôfdieling, de grutfoarstinne assistearre sels faak by de operaasjes. Oan it ein fan de 19e iuw liet de keizerlike famylje noch nije gebouwen tafoegje, sadat it tal opnommen pasjinten tanaam ta 500 deis. Aleksandra Petrovna ferstoar op 13 april 1900 yn it kleaster en waard dêr begroeven, mar har wurk gyng nei har dea troch.

Aleksandra Petrovna

Bou fan de Nikolaaskatedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De russyske arsjitekt Vladimir Nikolajevitsj Nikolajev (1847-1911) makke it ûntwerp en liede de bou fan it kleaster. Hy wie hûsarsjitekt fan it bisdom Kiëv en letter hûsarsjitekt fan it Kiëvske Petsjersk-lavra. De Foarbeatsjerke en de Sint-Nikolaaskatedraal, werfoar't Aleksandra's soan Peter de sketsen levere, waarden troch Nikolajev boud yn in pseudo-russyske styl. De earste stienlizzing fan de katedraal fûn plak op 21 augustus 1896 troch tsaar Nikolaas II. De twadde stien waard lein troch tsarina Aleksandra Feodorovna en de tredde troch grutfoarstinne Aleksandra Petrovna sels. De bou waard mooglik makke troch de Kiëvske filantroop Nikolas Teretsjtsjenko en duorre 15 jier. Op 9 maaie 1911 wijde biskop Pavel (1843-1911) fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke it haadalter fan de katedraal yn. Troch it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich wie der gjin tiid mear om de binnenmuorren fan de katedraal te beskilderjen mei fresko's.

Revolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarbeatsjerke

Nei de Russyske Revolúsje waard it kleaster yn 1925 troch de bolsjewiken sletten, mar ûnder de Dútske besetting fan de stêd waard it kleaster yn de hjerst fan 1941 wer iepene. Yn 1943, doe't it front tichter by Kiëv kaam, wegeren de nonnen it kleaster te ferlitten en sieten se 40 dagen tusken de fjochtsjende partijen finzen yn de benedentsjerke fan de katedraal.

De nonnen bleaune yn it kleaster en namen harren taken yn de ferpleging wer op. Ek de swier skeinde Nikolaaskatedraal waard wer renovearre. De renovaasje fan it ynterieur fan de katedraal waard yn maaie 1949 foltôge. Oan de bûtenkant bleau de katedraal lykwols sûnder koepels. Dy hiene de bolsjewiken yn de jierren 1920 mei it sluten fan it kleaster ôfbrutsen. Pas yn de jierren 2006-2010 krige de katedraal syn oarspronklike oansjen mei koepels en krusen werom. It tal gebouwen fan it kleaster wie foars redusearre, fan de mear as tritich gebouwen dy't eartiids fan it kleaster wiene, bleane der mar sân foar it kleaster oer. De rest fan de gebouwen waarden troch oare organisaasjes brûkt of ôfbrutsen. De gebouwen krigen somtiden funksjes dy't neat mear mei de oarspronklike funksje te krijen hiene en sa waarden guon kleastergebouwen brûkt troch bygelyks wetshanthaveningsorganisaasjes of in abortusklinyk. Oant de dei fan hjoed is mar in part fan it oarspronklike tal gebouwen werom jûn oan it kleaster.

Troch bliksemynslach yn 1981 waard de katedraal troffen troch brân. Alhoewol't it fjoer de katedraal net binnendrong, hiene de muorren fan it dwêsten slim te lijen. Yn de jierren dêrnei waard, nei't it dak wer sletten wie, it stúkwurk renovearre en krigen de binnenmuorren fan de katedraal foar it earst beskilderings. Yn de jierren 1990 waard ek de Foarbeatsjerke wer restaurearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Покровский монастырь (Киев)