Gielskouderpappegaai
| Gielskouderpappegaai | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Poicephalus meyeri | ||||||||||||
| Cretzschmar, 1827 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De gielskouderpappegaai of Meyers pappegaai (Poicephalus meyeri) is in middelgrutte papegaaiesoarte yn it skaai grutkoppappegaaien (Poicephalus) út 'e famylje Pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielskouderpappegaai is in lytse oant middelgrutte pappegaai fan likernôch 21 sm lang en in gewicht fan sa'n 100–130 gram. As de fûgel op kleur is hat er in griisbrune kleur en opfallende giele fearren op 'e skouders en op 'e foarholle. De búk is grien oant blaugrien en by guon ek noch brún. De ûnderrêch en stút binne turkwazeblau. De wjukken binne fierder griisbrún en de sturt is boppe brún en ûnder donkergriis. By folwoeksen fûgels is de iris giel mei in swarte, neakene eachring; de snaffel is swart, de poaten binne donkergriis.
Fersprieiding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielskouderpappegaai komt foar yn in grut part fan sintraal en súdlik Afrika. De fûgel libbet yn iepen bosk, savannes, rivierbosken en miombo-wâld, gauris net fier fan wetter. De soarte kin him ek oanpasse oan mozayklânskippen mei agrarysk gebrûk, as der noch genôch beammen bliuwe foar it bouwen fan in nêst.
Gielskouderpappegaaien wurde ferdield yn seis ûndersoarten mei lytse kleurferskillen en yntinsiteit fan it giel op 'e foarholle. Se ha de folgjende fersprieding:
- Poicephalus meyeri meyeri (mei giel op 'e kop, bleekbrune boppekant, griene ûnderkant) - komt foar fan noardeastlik Kameroen oant súdlik Tsjaad, súdlik Sûdan (en Súd-Sûdan), westlik Etioopje en Eritreä.
- Poicephalus meyeri saturatus (mei giel op 'e kop, donkerbrune boppekant, griene ûnderkant)- komt foar yn westlik Kenia, Oeganda, noardeastlik Demokratyske Republyk Kongo, Rûanda, Boerûndy en noardwestlik Tanzania.
- Poicephalus meyeri matschiei (mei in soad giel op 'e kop, donkerbrune boppekant, blauwe ûnderkant) - komt foar fan súdeastlik Kongo-Kinsjasa oant Tanzania, eastlik Angoala, noardlik Sambia en noardlik Malawy.
- Poicephalus meyeri reichenowi (gjin giel op 'e kop, donkerbrune boppekant, griene ûnderkant) - komt foar yn westlik Angoala.
- Poicephalus meyeri damarensis (gjin giel op 'e kop, brune boppekant, blauwe ûnderkant)- komt foar fan it súdlikste Angoala oant noardlik Namybje en noardlik en sintraal Botswana.
- Poicephalus meyeri transvaalensis (mei giel op 'e kop, brune boppekant, blauwe ûnderkant) - komt foar fan súdlik Sambia oant noardlik Mozambyk, eastlik Botswana en noardlik Súd-Afrika.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgels foarmje meastentiids lytse groepkes of pearkes en binne tige libben, nijsgjirrich en lûdroftich. It dieet bestiet benammen út sied, nuten, fruchten, blomknoppen en somtiden ynsekten. Yn gebieten mei boerelân kinne se ek profitearje fan gewaaks, wat ta konflikten mei boeren liede kin.
De fûgel boud it nêst yn holtes fan âlde beammen, lykas âlde nêsten fan spjochten. In nêst bestiet út 3 oant 4 aaien, dy't yn 28 dagen útbret wurde. De jongen fleane nei liokernôch 8 oant 9 wiken út, mar bliuwe noch in skoft by de âlden.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielskouderpappegaai wurdt in soad fongen foar de ynlânske en ynternasjonale hûsdierehannel. Tsientûzenen wylde fûgels binne de ôfrûne desinnia fongen, fral yn Tanzania, Sambia en súdlik Sûdan. De soarte stiet op CITES Taheakke II, mar yllegale hannel bliuwt in probleem. Grutte dielen fan 'e miombo- en savannebosken wurde omset yn lânbougrûn, kapt foar houtwinning of stedsútwreiding, wat it tal beskikbere nêstbeammen sterk ferminderet. De soart kin him oanpasse, mar is ôfhinklik fan beammen mei holtes. Yn guon regio’s wurdt de pappegaai as pleachfûgel beskôge, om't er sied en nuten yt fan gewaaks.
Neffens BirdLife International is de wrâldpopulaasje fan 'e gielskouderpappegaai noch grut. De soarte komt foar yn reservaten yn Botswana en Tanzania, mar beskerming bûten dy gebieten is ûnfoldwaande.
De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list en giet der fan út dat de populaasje stabyl is.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Grutkoppappegaai
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
