Springe nei ynhâld

Poepjes

Ut Wikipedy

Poepjes is in efternamme dy't meast yn Fryslân foarkomt. It is faaks in patronym op grûn fan de foarnamme 'Pûpke', in flaainamme fan Poppe. Mei it wurd 'poepe' waard yn it ferline ek wol immen út Dútslân oantsjut, benammen in hantsjemier út Westfalen. Dat soe de namme ek ferklearje kinne.

Foaral bûten Fryslân wurdt der faak tocht dat dizze namme yn 1811, doe't ûnder Frânsk bewâld de efternammen festlein waarden, foar de aardigens (en út protest tsjin de besetting) betocht is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: