Poema's
poema's | ||
![]() | ||
In poema (Puma concolor). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
ûnderskift: | katdieren (Feliformia) | |
famylje: | kateftigen (Felidae) | |
ûnderfamylje: | lytse katten (Felinae) | |
skaai: | poema's (Puma) | |
Jardine, 1834 | ||
De poema's (wittenskiplike namme: Puma) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae). Ta dit skaai heart mar ien libbene soarte, de poema (Puma concolor). Dêropta wurde in stikmannich fossilen út sawol de Alde as de Nije Wrâld ta poema's rekkene.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai fan 'e poema's waard yn 1834 yntrodusearre troch de Skotske biolooch sir William Jardine. It befettet mar ien libbene soarte: de poema (Puma concolor). De jagûarûndy (Herpailurus yagouaroundi), dy't foarhinne ek ta de poema's rekkene waard, wurdt sûnt 2017 yn it eigen monotypysk skaai fan 'e jagûarûndys (Herpailurus) pleatst.
Nettsjinsteande har oansjenlike grutte hearre de poema's ta de lytse katten (Felinae). Se binne it naust besibbe oan 'e jagûarundys, de Amerikaanske jachtloaihoarsen (Miracinonyx) en de jachtloaihoarsen fan 'e Alde Wrâld (Acinonyx). Mei-inoar foarmje dy fjouwer skaaien it saneamde poemakomôf fan 'e lytse katten. De fossile Amerikaanske jachtloaihoarsen wiene, nettsjinsteande harren namme, nauwer besibbe oan 'e poema's as oan 'e jachtloaihoarsen fan 'e Alde Wrâld. Guon soölogen beskôgje de Amerikaanske jachtloaihoarsen sels as in ûnderskaai fan 'e poema's.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De poema (Puma concolor) libbet yn 'e Nije Wrâld, en komt dêre foar fan 'e Yukon yn noardwestlik Kanada oant de súdpunt fan Súd-Amearika. De fossile leden fan it skaai fan 'e poema's kamen sawol yn 'e Alde as yn 'e Nije Wrâld foar.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|