Springe nei ynhâld

Poelbergmolen

Ut Wikipedy
Poelberchmûne
mûne / mole
lokaasje
lân flagge fan Belgje Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
plak Tielt
adres Woestijnbosstraat
koördinaten 50° 58' N 3° 21' E[1]
bysûnderheden
type mûne standermûne
funksje nôtmûne
flecht 24 meter
boujier 17e iuw
oare ynformaasje
eigner Gem. Tielt
Kaart
Poelbergmolen (West-Flaanderen)
Poelbergmolen

De Poelberchmûne (Poelbergmolen) is in wynmûne yn de West-Flaamske stêd Tielt, Belgje. De mûne stiet oan de Woestijnbosstraat op de Poelberch.

It is in iepen standermûne mei as funksje nôtmûne.

Al yn 1668 wie der in wynmûne op de Poelberch ("eenen coorenwindmolen op de Poelbergh"). It âldste jiertal (1631) is te finen op in klauizer, mar dy kin likegoed fan in oare mûne komme.

De mûne oerlibbe de twa wrâldkrigen en mealle noch oant 1964 folslein op wynkrêft.

Oant 1980 wie de mûne eigendom fan in partikulier. Yn dat jier kocht de gemeente Tielt de foar in part brekfallige mûne oan. De mûne waard yn 1992-1993 restaurearre en mealree makke. De Poelberchmûne wurdt troch frijwillige mûners oan it wurk holden.

Njonken de mûne stiet op de Poelberch ek in earder skoaltsje en in kleasterkompleks. De mûneberch en omjouwing waard yn 1993 as beskerme doarpssicht klassifisearre.

De Poelberchmûne is in iepen standermûne op opmitsele fûneminten. De mûne hat in tal bysûndere houten opskriften, lykas: Protect godt for alle lien dan wort ghy gerren geseyen, en als ghy hyer lose life godt sal u den heaven gheven en Maria met verlanghen sal u in har ryck ontfanghen (9 july 1726).

Keppelin om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Poelbergmolen