Springe nei ynhâld

Poatleaze hagedis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Poatleaze hagedissen)
De blynslang (Anguis fragilis) is de bekendste fan 'e poatleaze hagedissen. Dizze soarte komt ek yn Nederlân foar.

In poatleaze hagedis is in hagedis dy't evoluëarre is ta in lichemsfoarm sûnder poaten. Dat is ûnôfhinklik faninoar ferskate kearen bard by ferskillende groepen hagedissen troch in proses fan konverginte evolúsje. Guon fan sokke bisten sjogge der út as slangen, oaren hawwe mear wei fan wjirms. Ek hagedissen dy't noch wol poaten hawwe, mar wêrby't dy sa lyts wurden binne dat se gjin rol mear spylje by de fuortbeweging, wurde as poatleaze hagedissen oantsjut.

Poatleaze hagedissen en slangen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't der taksonomysk winliken gjin ûnderskie bestiet tusken hagedissen en slangen, soene ek slangen as poatleaze hagedissen oantsjut wurde kinne. Mar tradisjoneel wurde slangen en hagedissen as ferskillende groepen reptilen beskôge, en ek al is tsjintwurdich dúdlik dat dat ûnderskie gjin wittenskiplike grûnslach hat, dochs is it sa ynboargere dat it net oan 'e kant skood wurde kin.

De ûnderskate groepen poatleaze hagedissen ferskille op ferskate manearen faninoar op it mêd fan 'e morfology (lichemsbou). Sokke ferskillen binne der ek mei de slangen. Sa hawwe slangen gjin eachlidden, gjin eksterne eariepenings en longen fan ferskillende grutte (ien koarten en ien tige langen), wylst de ûnderskate groepen poatleaze hagedissen faak wol eachlidden en/of wol eksterne eariepenings en/of longen fan min ofte mear gelikense grutte hawwe. Ek beskikke slangen wol oer brede skobben op 'e bealch, in foarke tonge en in lang lichem mei in koarte sturt, wylst poatleaze hagedissen smelle bealchskobben, in ynsniene tonge en/of in koart lichem mei in lange sturt hawwe.

Groepen poatleaze hagedissen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In hazzeskink (Chalcides chalcides).
In Meksikaanske bline hagedis (Anelytropsis papillosus).
In Floaridawjimhagedis (Rhineura floridana).

As poatleaze hagedissen wurde beskôge:

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.