Poartebuorren
De Poartebuorren yn Hallum is in strjitte dy't ûntstien is troch huzebou lâns de oprydleane fan de eardere Sythiemastate. Neffens âlde kaarten is de earste huzebou oan de periode fan 1832 oant en mei 1864 te keppeljen. De strjitte wie eartiids goed twa kear salang. Mei de nijbou oan de Sythiemastrjitte waard der in grut part fan de Poartebuorren ôfknipt.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme ferwiist nei de poarte dy't foar de Sythiemastate stien hat. Neffens de bebouwing hat it nea in buorrentsje west, mar fanâlds in strjitte. Doe't tusken 1832 em 1864 de earste bebouwing ûntstien is, wiene dat timmermanshuzen, trije dûbele wenten en twa-trije inkele. Op dat momint stie allinne de poarte (of poartehûs) noch oan 'e ein fan oprydleane. Dus poarters hawwe der nea west en de timmermanshuzen litte sjen dat it gelegenheidsbebouwing wie, dy't sels no noch te werkennen is. Dat Wopke Eekhof der it Nederlânske 'Poorterburen' fan makke hat wie yn dy tiid yn Fryslân hiel gewoan. De kaartemakker frege: "hoe heet het hier?", en dan wie der altiten wol in Fries dy't tocht: it sil wol "poortburen" wurde moatte. Mear as hûndert jier, hat it nea in buorskip/buorrentsje west en waard ek de namme gemeentlik oanjûn mei Poartebuorren: de buorren nei de poarte ta.
Winkels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Healwei de poartebuorren stie in winkel. Om't de famyljenamme tige betiizjend wie mei dy fan in oare winkel yn Hallum, hat de winkel oan de Poartebuorren jierren wurke mei it biedwurd "De Poartewinkel iepent de wei ta kwaliteit". It byldmerk bestie út de healiepen poarte. It byldmerk wie yn de sechtiger jierren folslein útwurke yn boadskipboekjes, eigenmerk tee en in sparsysteem.
Dy twa winkellju hiene no ienris deselde skaainamme Jousma ek al wiene se net oan inoar besibbe. De iene hie in winkel ûnder de namme Vivo oan 'e Rûnwei en de poartewinkel mei winkelguod, tekstyl en diggelguod wie in Sperwer. Dy lêste Jousma syn stambeam giet tebek op in Jan Jansens dy't yn 1811 oan de Jousum Buorren buorke. Doe't Napoleon de skaainammen hawwe woe, hat dêr dy Jan Jansens keazen foar de famyljenamme Jousma.