Poarperstreekparlemoerflinter

Ut Wikipedy
Poarperstreekparlemoerflinter
Brenthis ino.jpeg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Aureliaflinters (nymhalidae)
soarte
Brenthis ino

De Poarperstreekparlemoerflinter (Brenthis ino) is in soarte yn de famylje fan de Aureliaflinters (Nymhalidae).

Brenthis ino - Keila.jpg
Brenthis ino, Violetter Silberfalter 07.JPG

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Froeger wiene der lytse populaasjes in Limburch mar dy binne in de rin fan de jierren ferdwûn. De flinter hâldt fan matich fiedselrike rûchten en greiden mei rivierkes. De Poarperstreekparlemoerflinter is noch te finen yn de Ardennen en Eifel. It is in honkfêste soarte.

Op de reade list stiet de flinter as ferdwûn út Nederlân.

De flinter is yn 2006 1 kear sjoen.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wjuklingte is 17 oant 22 mm. De boppekant is oranje krektas by de Grutte Parlemoerflinter. De Poarperstreekparlemoerflinter is lykwols in stik lytser. De ûnderkanten fan de efterwjukken binne giel mei in fiolette bân mei donkere ringen.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fleant fan begjin juny ôf oant begjin augustus. De Poarperstreekparlemoerflinter fleant yn ien generaasje.

Rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De groeiperioade fan de rûp is yn it foarjier en yn de foarsimmer. It aaike fan de flinter oerwinteret.

De rûp fret fan de wylde geiteburd.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]