Poarperrêchgaai
| azuerblauwe gaai | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cyanocorax beecheii | ||||||||||||
| Vigors, 1829 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De poarperrêchgaai (Cyanocorax beecheii) is in fûgelsoarte yn it skaai maskergaaien (Cyanocorax) út de famylje kriefûgels (Corvidae). De poarperrêchgaai wurdt behannele as monotypysk, itjinge betsjut dat de fûgel net yn ûndersoarten ferdield is.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel wurdt 35 oant 41 sm lang en hat in krêftige snaffel en in lange sturt. It fearrekleed is op 'e kop, yn 'e nekke, de boppemantel en ûnderkant swart, wylst de rest pearsblau is. De fûgel hat in lytse pluk langere fearkes op 'e foarholle. De snaffel is swart en de poaten en it each binne giel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk yn it noardwesten fan Meksiko. Dêr is de fûgel algemien yn tropysk bosk. Se ferlitte de bosken ek om te foerazjearjen yn beamhôven, maisfjilden of by jiskebulten.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt faak yn lytse famyljegroepen waarnommen mei jonge fûgels fan it eardere lechsel. In territoarium is likernôch tusken 25 en 43 hektare grut. Se ite wringeleazen en lytse dierkes, lykas mûskes. Se fange ek ynsekten yn 'e loft of skarrelje alles wat fan gading is fan beammen of fan 'e grûn.
De groep helpt by de bou fan it nêst, dat út in sleauwe samling fan wat tûken bestiet. Begjin maaie wurde fiif aaien lein, dy't it wyfke útbriedt, wylst it mantsje it wyfke fuorret. De hiele groep helpt by it fuorjen as de jongen útkomme. Nei likernôch 24 dagen fleane de jongen út.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in rûzing fan 2019 soe de populaasje út 20.000 oant 50.000 folwoeksen fûgels bestean. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de fûgels as net bedrige (Least Concern, 2020) klassisearre. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantal ôfnimt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
