Poarpergaai
| poarpergaai | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cyanocorax violaceus | ||||||||||||
| Vieillot, 1818 | ||||||||||||
| IUCN-status: hast bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De poarpergaai (Cyanocorax cyanomelas) is in fûgelsoarte yn it skaai maskergaaien (Cyanocorax) út de famylje kriefûgels (Corvidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte, donkere gaai hat in djippe pearsblauwe kleur en in donkerder kop.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel komt foar yn súdeastlik Perû, noardeastlik Argentynje, Bolivia, Paraguay en súdwestlik Brazylje. De soarte wurdt beskôge as monotypysk, wat betsjut dat der gjin ûnderfieling yn ûndersoarten is.
It biotoop bestiet út bosk en boskrânen, dêr't er him beweecht yn groepkes troch de middelste en heechste beamlagen. It ferspriedingsgebiet fan 'e poarpergaai oerlapet mei dat fan 'e fioletgaai. De poarpergaai komt lykwols minder faak foar en is mear bûn oan in habitat fan hegere kwaliteit.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en tocht wurdt dat de populaasje stabyl is. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beöardielet de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2018).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
