Poarperfink
| poarperfink | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Haemorhous purpureus | ||||||||||||
| (Gmelin, 1789) | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel wintergast |
De poarperfink (Haemorhous purpureus, synonym: Carpodacus purpureus) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e finkfûgels en it skift fan 'e moskeftigen. Tegearre mei syn oare Amerikaanske sibben, de húsreadfink (Haemorhous mexicanus) en de readkrúnfink (Haemorhous cassinii), waard de poarperfink eartiids by it skaai readmosken (Carpodacus) yndield. Genetyske stúdzjes wize lykwols út dat se tichter by de grienfinken (Chloris), robyntsjes (Linaria) en putters (Carduelis) steane.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krektlyk as syn twa oare Amerikaanske sibben is de poarperfink in op 'e readmosk lykjende fink, wêrby't it mantsje in readeftich fearrekleed hat en it wyfke brúnstreke is. De soarte is kompakter as de húsreadfink en hat in koartere, djipper ynsniene sturt, in gruttere kop en in trijehoekige snaffel dy't de kromming mist fan dy fan 'e readkrúnfink. It mantsje hat mear read op 'e kop en it boarst, lykas ek in dúdlike reade gloed oer de rêch, wjukken en flanken. Boppedat ûntbrekke de streken op 'e ûnderkant dy't by de húsreadfink wol oanwêzich binne. It wyfke hat in opfallend tekene kop mei in wyteftige wynbraustreek en burdstreek en in wyteftige ûnderkant mei donkere streken en in wite búk. Wyfkes fan 'e westlike ûndersoarte californicus hawwe in mear dizige tekening.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De poarperfink wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
- Haemorhous purpureus purpureus – komt foar fan East-Sintraal-Kanada oant it noardeastlike diel fan 'e Feriene Steaten, oerwinteret yn Floarida en Teksas.
- Haemorhous purpureus californicus – komt foar fan it súdwestlike diel fan Britsk-Kolumbia oant it súdwesten fan 'e Feriene Steaten en it noarden fan it Kalifornysk Skiereilân.
Fûgels út it noarden fan Kanada migrearje nei it suden fan 'e Feriene Steaten om te oerwinterjen. Oare fûgels binne stânfûgels.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eartiids waard de poarperfink tegearre mei syn neiste sibben as soarten fan it skaai readmosken (Carpodacus) behannele. DNA-stúdzjes litte lykwols sjen dat de soarten tichter by finken en putters steane yn skaaien lykas putters Carduelis, syskes (Spinus) en kanarjes (Serinus) as by readmosken, en dêrom binne dizze trije fûgelsoarten nei it eigen skaai Haemorhous ferhûze.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De poarperfink is te finen yn iepen nulle- en mingde wâlden, dêr't er faak sjoen wurdt yn lytse groepkes, foerazjearjend nei sied, fruchten en guon ynsekten. De fûgel briedt fan april oant begjin augustus.
It wyfke bout it nêst yn 'e regel op tûken fan nullebeammen op ôfstân fan 'e stam of yn in foarke fan in tûke. In lechsel besiet út trije oant seis aaikes. Saowl it wyfke as it mantsje fuorje de jonge fûgels. Twa oant trije wiken nei it útkommen fleane de jonge fûgels út.
Status en bedriging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en tocht wurdt dat de soarte yn oantal tanimt. De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) klassifisearret him dêrom as net bedrige (Least Concern).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

