Poalfoks
| poalfoks | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Vulpes lagopus | ||||||||||||
| Linnaeus | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De poalfoks (Vulpes lagopus) is in bist yn 'e famylje hûneftigen (Canidae) en komt foar op 'e Noardpoal en oangrinzjende gebieten. Earder waard de poalfoks yn in eigen skaai Alopex set (Kaup, 1829), mar hjoed-de-dei falt de poalfoks tegearre mei de gewoane foks yn it skaai Vulpes.
De âlde skaainamme Alopex, no de namme foar it monotypyske ûnderskaai fan 'e poalfoks, is it Grykske wurd foar foks. De binomiale nomenklatuer is foarme út de Grykske wurden lagos (hazze) en pous (foet).
Evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tinken is dat de poalfoks ôfstammet fan 'e fossile qiuzhudingfoks (Vulpes qiuzhudingi), dy't yn it Let-Mioseen oant it Ier-Plioseen (5,1–3,6 miljoen jier lyn) op it Tibetaansk Plato libbe.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De poalfoks wurdt 50–85 sm lang en hat in sturt fan 28–55 sm. Syn skofthichte is 28 sm en hy weaget 3 oant 8 kg. De earen, snút, poaten en sturt binne koarter as dy fan 'e gewoane foks en de winterpels is tsjokker. De poalfoks komt foar yn teminsten twa kleurfarianten. Simmerdeis is de poalfoks brúngriis op 'e kop, rêch en bûtenkanten fan 'e poaten, wylst de kanten fan it lichem, búk, binnenkanten fan 'e poaten en it meastepart fan 'e sturt griiswyt binne. De winterpels is folslein wyt. It oare kleurtype is ljochtgriis of stielblau, dat type stiet ek wol bekend as de blauwe foks. It wite kleurtype is resessyf. By in tredde waarnommen kleurfoarm binne poalfoksen bleekgiel of wat sânich fan kleur. De poalfoks hat in tige isolearjende pels en kin temperatueren oant -70 graden Selsius ferneare. De foetkessens binne ek hierrich om te beskermjen tsjin 'e kjeld en sadat er makliker oer iis en snie rinne kin.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Poalfoksen komme op 'e tûndra foar yn Arktysk Skandinaavje, Sibearje, Kanada, Alaska, de Aleoeten en op Grienlân, Spitsbergen en oare Arktyske eilannen. Yn Skandinaavje wurdt er benammen yn 'e bergen fûn en benammen jonge bisten kinne oer lange ôfstannen migrearje op syk nei iten, ôfstannen fan wol 1.000 km binne registrearre.

Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e poalfoks wurde acht ûndersoarten ûnderskieden:[1]
- Vulpes lagopus lagopus (Sweden)
- Vulpes lagopus beringensis (Beringeilân van de Komandorski-eilannen)
- Vulpes lagopus fuliginosus (Yslân)
- Vulpes lagopus groenlandicus (Grienlân)
- Vulpes lagopus hallensis (Hall-eilân (Frâns Joazeflân)
- Vulpes lagopus pribilofensis (Pribilof-eilannen)
- Vulpes lagopus spitzbergenensis (Spitsbergen)
- Vulpes lagopus ungava (Ungava in Kebek)
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Winterdeis jaget de poalfoks meast allinnich. Ien bist hat in territoarium fan likernôch 20 km². By it jeien brûkt de soarte syn goed ûntwikkele gehoar om proaien ûnder it pak snie te finen. As it nedich is kin er snelheden fan 48 km/o op iis of snie helje.

It iten fan 'e poalfoks bestiet fral út lytse kjifdieren lykas lemmings, maar hy yt ek fûgels, jonge seehûnen, aaien, ynsekten, beien en planten. Yn gebieten mei in regelmjittige oanfier fan lemmings is de poalfoks tige ôfhinklik fan 'e beskikberens fan lemmings. Faak fret er ek ies dat efterlitten is troch gruttere rôfdieren. Yn gebieten fan 'e Noardlike Iissee folget er faak iisbearen op in feilige ôfstân en yt er wat oerbleaun is fan it iten fan 'e bearen.

Arktyske foksen bouwe in hol yn in heuvel fan sân of klaai. As soks net kin sille se ynstee in lytse berchnaad útsykje. In foksehol is grut, mei in gemiddelde fan 277 m² en kin hûnderten jierren brûkt wurde. It kin ferskate yngongen hawwe, meastal om 'e 40 hinne oant 150.
As der genôch proaien binne peare poalfoksen fan maart oant maaie. Ek it oantal welpen is ôfhinklik fan it oanbod fan iten. Yn jierren mei in soad lemmingen is de smeet grutter as yn oare jierren. Meastentiids telt in smeet tusken de 5 en 10 welpen, mar yn goede jierren kin it oprinne oant maksimaal 25. De draachtiid duorret 49-57 dagen. As it fiedseloanbod tige goed is, kin der fan july oant augustus noch in nêst grut brocht wurde. De measte welpen helje it earste jier lykwols net. Blauwe poalfoksen libje yn in omjouwing dêr't de beskikberens fan iten relatyf konstant is en dy krije likernôch 5 jongen it jier.
As de jonge foksen 9 moannen âld binne, wurde se geslachtsryp. Se pearje lykwols net foardat se 1 oant 2 jier âld binne. Poalfoksen wurde meastentiids 7 oant 8 jier, mar yn finzenskip wurde se âlder. In pear hat nei alle gedachten in bân foar it libben, alhoewol't guon saakkundigen ek tinke dat se allinnich monogaam binne yn it seizoen dat se jongen krije.
Bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fanwegen it bûnt is der op 'e poalfoks in soad jage. Yn Sweden waard de soarte yn 1928 in beskerme soarte, mar de populaasje hat him noch net echt werstelle kind. De beskerming yn Noarwegen folge yn 1930 en Finlân yn 1940. Op Yslân wurdt der noch jimmeroan op poalfoksen jage, om't se dêr as in bedriging foar de skiep wêze soene. Ek op Spitsbergen wurdt der op 'e poalfoks jage. Sawol yn Yslân as Spitsbergen wurdt de poalfoks net bedrige en liket de populaasje earder wat ta te nimmen. Yn Ruslân rjochtet de beskerming him fral op it behâld fan it habitat, ûndersyk en it beheinen fan 'e jacht op bûnt (fral foar de seldsume blauwe foksen).
Fijannen fan 'e poalfoks binne de keningsearn en de gewoane foks, dy't yn it hiele Arktyske gebiet tanommen binne. De gewoane foks jaget net allinnich op 'e poalfoks, mar konkurearret ek mei him om iten. De ôfnimmende populaasjes ha laat ta yntylt en genetyske útputting, mar ek ta swierrichheden foar pearen om inoar te finen.
In oare bedriging foarmet rude, dy't nei alle gedachten troch de reade foks is ferspraat, en op guon plakken hûnsdûmens.
Yn Skandinaavje en Yslân binne de populaasje frij lyts, mar yn Noard-Amearika, Sibearje en Grienlân binne der noch grutte oantallen en wurdt de poalfoks as soarte net as bedrige beskôge. Yn Sweden en Noarwegen wurdt de poalfoks as kritysk bedrige beskôge. De poalfoks wie dêr ein jierren 1990 hast ústoarn. Troch in troch Sweden inisjearre aksjeprogramma dêr't letter ek Noarwegen en sûnt 2025 Finlân yn opnommen waard, is it oantal poalfoksen fan Noarwegen en Sweden wer tanommen fan tsientallen op it leechste oant 470 yn 2021.
De totale populaasje fan 'e poalfoks wurdt troch de IUCN op "ferskate hûnderttûzen bisten" rûsd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

