Ploertedeader

Ut Wikipedy
In útskobere ploertedeader

In ploertedeader is in gefjochtswapen mei in fleksibele stôk, te ferlykjen mei de gummykneppel. Oars as by de gummykneppel sit oan de ein noch in swiere knop fan lead sadat der in hurdere slach mei tabrocht wurde kin, dy't sels de dea fan gefolgen hawwe kin. Dêrom is it wapen ferbean yn Nederlân en yn België.

De ploertedeader falt yn Nederlân ûnder kategory I sub 3 fan de Wet wapens en munysje en it gebrûk kin dêrom ûnder gjin inkelde betingst akseptearre wurde. De gummykneppel (wapenstôk) falt yn de kategory IV sub 3 fan de Wet wapens en munysje, en is dêrom in tastien wapen; it hâlden en it foarhannen hawwe op strjitte is al ferbean.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: