Brúnkielwever
| Brúnkielwever | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ploceus xanthopterus | ||||||||||||
| Hartlaub & Finsch, 1870 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De brúnkielwever (Ploceus xanthopterus) is in sjongfûgel út de famylje weverfûgels (Ploceidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De brúnkeelwever is in frij lyts en slank weverke mei in relatyf tinne snaffel. It mantsje hat yn it briedkleed heldergiele fearren en kastanjebrún op it kin en tusken de snaffel en it each. Dêrbûten is êr folle ûnopfallender en gielich mei donkerder streekjes op 'e rêch en wjukken en in ljochtere ûnderbúk; dan is it mantsje hast net te ûnderskieden fan it wyfke.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt yn trije ûndersoarten ferdield:
- Ploceus xanthopterus castaneigula: westlik Sambia, noardeastlik Namybje, noardlik Botswana en westlik Simbabwe.
- Ploceus xanthopterus marleyi: fan súdlik Mozambyk oant noardeastlik Súd-Afrika.
- Ploceus xanthopterus xanthopterus: fan súdwestlik Tanzania en Malawy oant noardeastlik Simbabwe en noardlik en sintraal Mozambyk.
It habitat bestiet fral út wiete gebieten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list. De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt oannommen dat de populaasjes te lijen ha fan fersteuring fan syn wiete habitat yn súdlik Mozambyk en Botswana. De oantallen rinne lykwols net sa bot tebek dat de fûgel as bedrige beskôge wurdt. Der is gjin rûzing oer de grutte fan 'e wrâldpopulaasje, mar hy wurdt omskreaun as net algemien yn grutte dielen fan it ferspriedingsgebiet.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
