Springe nei ynhâld

Oranje wever

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ploceus aurantius)
Oranje wever

Mantsje

wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeweverfûgels (Ploceidae)
skaaiwevers (Ploceus)
Reichenbach, 1863
soarte
Ploceus aurantius
Vieillot, 1805
IUCN-status: net bedrige

De oranje wever (Ploceus aurantius) is in wever út de famylje weverfûgels (Ploceidae).

It mantsje is yn syn briedkleed meast helder giel mei in oranje strôt en in swarte streek tusken it each en de woartel fan 'e boppesnaffel. It wyfke is doffer, griengiel mei in wite búk (in kleur dy't net in soad by wevers foarkomt). It each fan beide seksen is read en de snaffel meast rôze oant swart. It wyfke wurdt gauris betize mei net-briedende mantsjes en oare soarten wevers, mar wurdt meastentiids waarnommen mei de mear ûnderskiedende mantsjes.

De soarte wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:

De fûgel briedt yn koloanjes en wurdt by wiete gebieten, marren, rivieren en sompen oantroffen.

De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net kwantifisearre, mar de soarte wurdt as algemien oant ûngewoan en oan 'e kust algemien beskôge. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: