Springe nei ynhâld

Wytbraumoskwever

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Plocepasser mahali)
Wytbraumoskwever

Mantsje

Wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeweverfûgels (Ploceidae)
skaaimoskwevers (Plocepasser)
soarte
Plocepasser mahali
Smith, 1836
IUCN-status: net bedrige

De wytbraumoskwever (Plocepasser mahali) is in fûgel yn it skaai moskwevers (Plocepasser) út de famylje weverfûgels (Ploceidae).

Wytbraumoskwever.

De soarte wurdt likernôch 18 sm lang en hat in foar it skaai karakteristike wite wynbrau. Yn 'e flecht binne de wite stút en wite boppesturtdekfearren goed te sjen. Ek de wite fearren yn 'e wjukken falle yn 'e flecht op.

De ferskillen tusken mantjes en wyfkes foarmje fral it grutter kontrast yn kleuren by mantsjes. Oer it generaal binne wyfkes ljochter en mear effen fan kleur. Wylst it mantsje in swarte snaffel hat, is de snaffel fan it wyfke hoarnkleurich oant ljochtgriis; dy fan in jonge fûgel is rôzebrún.

Der wurde fjouwer ûndersoarten ûnderskieden:

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nêsten.

De soarte briedt yn lytse koloanjes. De nêsten binne bolfoarmich en makke fan gers en tûkjes.

De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net kwantifisearre, mar de soarte wurdt omskreaun as gewoan oant talryk. Der wurdt oannommen dat de populaasje stabyl en der is gjin bewiis fan grutte bedrigingen en tebekrinnen fan 'e populaasje. De IUCN klassifisearret de fûgel dêrfandinne as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: