Pleatsmoarden

Ut Wikipedy
It Witkruismonument op de Ysterberch noardlik fan Pretoria is in plak dêr't neibesteanden in wyt krús sette ta neitins fan de slachtoffers.

Mei Pleatsmoarden (Afrikaansk: Plaasmoorde) wurdt ferwiisd nei moarden op pleatsen yn Súd-Afrika. Sûnt de ôfskaffing fan it apartheidsstelsel yn 1994 naam neffens de beskikbere statistiken it tal oanfallen op buorkerijen yn Súd-Afrika bot ta. Neffens de Súdafrikaanske statistiken hawwe der tusken 1991 en 2001 mear as 6.000 oanfallen op pleatsen west, mei in deadlike ôfrin foar 1.254 boeren. Yn de dêrop folgjende acht jier ferdûbele it tal deaden oant 3.037.

Faak wurde de slachtoffers earst tamtearre en ferkrêfte foardat hja fermoarde wurde. Oare moarden wurden as in soarte fan eksekúsje útfierd. Undersyk fan it Afrikaner Instituut vir Sekerheidsstudies hat útwiisd dat de kâns fan in boer yn Súd-Afrika om fermoarde te wurden hast fjouwer kear sa grut is as die fan in gewoane boarger en twa kear sa grut as dy fan in plysje.

Motiven[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alhoewol't ek leden fan de swarte mienskip te lijen ha fan de oanfallen, is in grutte mearderheid fan de slachtoffers blank. Troch de tapaste taktyk binne guon boeren fan betinken dat it in geskikte yntimidaasje-metoade is om de boeren fan harren pleatsen te ferdriuwen. Bewearings fan offisjele kant dat it motyf efter de oanfallen op de buorkerijen rôf is, docht by har de fraach rizen wêrom't de boeren en harren hûshâldings nei de rôf fakentiden dan op in wreedaardige wize ombrocht wurde. De problematyk om de pleatsmoarden hinne is sadwaande in tige beladen ûnderwerp wurden, dat yn guon rûnte as in doelbewuste folkemoard beskôge wurdt.

De pleatsen fan de boeren lizze fier fan de bewenne wrâld en troch de swakke ynfrastruktuur mei minne paden meitsje binne se net maklik troch de plysje te befeiligjen, sadat de boeremienskippen in maklike proai foarmje foar kriminelen. Rassehaat en ûnferantwurde uterings fan guon politisy soarje ek foar in klimaat fan bretalens yn mienskippen op it plattelân. Somtiden wurde oanfallen op blanken troch politike lieders op gearkomsten oanmoedige troch it sjongen fan striidlieten dy't oanfiterje om boeren te deadzjen. Mooglik spilet ek de ynfloed fan drank en ferdôvjende middels in rol by it geweld tsjin de boeren, krekt as wurkleazens en in swakke ekonomyske posysje.

Hegere prioriteit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lange tiid soarge it ûnfermogen en de wegering fan de autoriteiten om tsjin de pleatsmoarden op te treden ta grut ûnbegryp ûnder de boeremienskippen. Aksjes fan de boargerrjochtebeweging AfriForum hiene yn 2016 lang om let as risseltaat dat de Súdafrikaanske Plysje Tsjinst (SAPS) de tasizzing die om it oanpakken fan de pleatsmoarden in hegere prioriteit te jaan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Afrikaansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]