Ungedierte

Ungedierte, ek: ûnrant of ûnreau, is in algemiene, oerkoepeljende term foar bisten dy't troch minsken as lestich of ûnwinske beskôge wurde. In ferlykbere oantsjutting foar lestige of ûnwinske planten is ûnkrûd. Wannear't ûngedierte foarkomt yn grutte oantallen dy't rispingen, minsklike eigendommen of de natoer skea tabringe, sprekt men fan in pleachdier. Der bestiet gjin biologyske definysje fan ûngedierte of pleachdieren. It gebrûk fan 'e term is faak sterk subjektyf en ferskilt nei sitewaasje.
Definysje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hokker bisten ûnder dy term 'ûngedierte' beflapt wurde, hinget alhiel ôf fan 'e sitewaasje en hoe't minsken dy belibje. Dêrtroch kin it skoan wêze dat in bist dat yn ien sitewaasje as ûngedierte beskôge wurdt, yn in oare sitewaasje nuttich wêze kin. As men bygelyks stienkrobben oantreft yn 'e hûs, dêr't men it skjin en hygiënysk hâlde wol, wurde de bistkes oer it algemien foar ûngedierte oanmurken. Mar yn 'e tún ferrjochtsje se in nuttige taak troch dea plantaardich materiaal ôf te brekken en kompost te produsearjen.
Soarten ûngedierte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ungedierte kin yn ferskate kategoryen ferdield wurde.
"Grizelige" bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By it hearren fan 'e term "ûngedierte" tinke de measte minsken it earste oan lyts wrimelt lykas stienkrobben, tûzenpoaten, spinnen en beskate soarten ynsekten, lykas kakkerlakken. Dy wurde gauris as "grizelich" of eang beskôge, hoewol't se faak hiel nuttich wêze kinne. Sa fange en ite spinnen fleanende ynsekten dêr't minsken echt lêst fan hawwe, lykas miggen en langpoaten. Ek de hûsmûs (Mus musculus) wurdt troch in protte minsken as in grizelich bist beskôge, hoewol't er foar de minske ûngefaarlik is.
Hinderlike bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hinderlik ûngedierte kin slaan op alderhanne bisten dêr't minsken yn in beskate sitewaasje of op in beskaat plak lêst fan hawwe. De hûsmûs wol men bygelyks net yn 'e hûs hawwe, om't dat ûnhygiënysk is, en om't de bistkes skea oanrjochtsje en leven meitsje. As men simmerdeis bûtendoar sit, kinne eksimplaren fan 'e ealjebij of meeps (Vespula vulgaris), dy't op swiet drinken lykas limonade ôf komme, tige hinderlik wêze. Sokke bisten binne fierders net skeadlik en foarmje ek gjin reëel gefaar foar minsken (útsein foar dyjingen dy't allergysk binne foar in meepsestek). Datselde jildt foar huningbijen, mar as dy in nêst ûnder de daksgoate meitsje dat se ferdigenje troch te stekken, kinne se knap ferfelend wurde.
Ek eamels dy't in hûs binnenkringe, hearre ta dizze kategory, en fierders de hûsmich (Musca domestica), dy't pynlik bite kin, en de gewoane langpoat (Culex pipiens), dy't net inkeld bloed fan minsken ôftapet en dêrmei foar jûkjende bultsjes op 'e hûd soarget, mar minsken nachts ek noch út 'e sliep hâldt mei syn gûnzjen. In oar foarbyld is de ikeprosesjerûp (Thaumetopoea processionea), wêrfan't de hierkes by de minske in brânend gefoel op 'e hûd feroarsaakje. De populaasje fan dat bistke fertoant boppedat simmerdeis getalsmjittich ferskate piken, sadat it as in pleachdier beskôge wurdt.

Gefaarlike bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By gefaarlik ûngedierte giet it bygelyks om organismen dy't as fektor foar minsklike sykten fungearje kinne. Foarbylden binne de brune rôt (Rattus norvegicus) en de swarte rôt (Rattus rattus) en harren flieën, dy't de pest ferspriede kinne, mar ek langpoaten dy't sykten oerbringe, lykas de malarialangpoat (Anopheles maculipennis), dy't malaria ferspriedt. Ek gifslangen kinne as gefaarlik ûngedierte beskôge wurde, en in protte feehâlders yn Nederlân tinke op dyselde manear ek oer de wolf (Canis lupus), dy't alteast foar in diel libbet troch harren fee op te fretten.
Konkurrinten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bisten dy't mei de minske foar helpboarnen konkurrearje en dêrby rispingen oanfrette, wurde ek as ûngedierte en as pleachdier oantsjut. Op lytse skaal kin men dêrby tinke oan 'e wylde knyn (Oryctolagus cuniculus) en oan slakken dy't grienten op ikkers en yn kokentunen oanfrette, oan ynsektelarven ("wjirms") yn apels en oar fruit en oan boktoarren yn it hout fan huzen en meubilêr. Mar it komt ek op grutte skaal foar, wannear't reuseftige swaarmen sprinkhoannen, benammen fan 'e woastynsprinkhoanne (Schistocerca gregaria) út Noard-Afrika en West-Aazje, yn in pear oeren tiid hiele rispingen kealfrette en dêrmei foar hongersneed ûnder de minsklike befolking fan sa'n gebiet soargje.
Eksoaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bisten dy't yn har oarspronklike ekosysteem in nuttige rol ferfolje, kinne foar problemen soargje wannear't se as eksoat yn in ekosysteem earnewêr oars yn 'e wrâld pleatst wurde. Dêrom wurde se dêr dan faak as ûngedierte beskôge. Harren yntroduksje yn in frjemd ekosysteem is ornaris te witen oan 'e minske, dy't soks by fersin of soms mei opsetsin docht. Bisten as de wylde knyn (Oryctolagus cuniculus), de foks (Vulpes vulpes) en de (ferwyldere) hûskat (Felis catus), dy't troch de minske yn Austraalje yntrodusearre binne, hawwe dêr bygelyks gâns skea oan 'e lânseigen natoer oanrjochte. Yn it gefal fan 'e wylde knyn komt dat om't dy dêr gjin of amper natuerlike fijannen hat, sadat de grutte fan 'e populaasje nearne troch yn 'e besnijing holden wurdt. Foar de foks en de ferwyldere kat jildt dat de lânseigen fauna fan Austraalje net evoluëarre is om oan harren te ûntkommen, sadat de bisten dêr warleas binne tsjin sokke spesjalisearre rôfdieren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |