Springe nei ynhâld

Platkopkat

Ut Wikipedy
platkopkat
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljekateftigen (Felidae)
skaailoaihoarskatten (Prionailurus)
soarte
Prionailurus planiceps
Vigors & Horsfield, 1827
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

De platkopkat (wittenskiplike namme: Prionailurus planiceps) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e loaihoarskatten (Prionailurus). Dit bist komt foar yn in tige fragmintearre ferspriedingsgebiet yn Súdeast-Aazje. It is in solitêr libjend nachtdier mei in karnivoar dieet dat tahâldt yn leechlein tropysk reinwâld en moeras. De IUCN klassifisearret de platkopkat as bedrige, mei't dizze soarte slim te lijen hat ûnder habitatferneatiging troch ûntbosking foar útwreiding fan 'e lânbou en de oanlis fan palmoaljeplantaazjes.

De platkopkat waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1827 troch de Ierske soölooch Nicholas Aylward Vigors en dy syn Amerikaanske kollega Thomas Horsfield. Hja basearren har op in spesimen dat ôfkomstich wie fan Sumatra. De oarspronklike wittenskiplike namme fan it bist wie Felis planiceps. Yn dy tiid wie it skaai Felis, dat no inkeld foar de wylde katten brûkt wurdt, noch in soarte fan sammelbak foar alderhanne kateftigen.

It skaai fan 'e loaihoarskatten (Prionailurus) waard yn 1858 yntrodusearre troch de Russyske soölooch Nikolaj Severtsov, mar dyselde brûkte dat skaai inkeld foar de spikkelbûnte lytse katten fan Aazje. Foar de effen kleure platkopkat stelde er it skaai fan 'e platkopkatten (Ictailurus) foar. Yn 1951 groepearren de Ingelske soölogen John Ellerman en Terence Morrison-Scott de platkopkat mei de fiskjende kat (Prionailurus viverrinus). Pas yn 1961 waard de platkopkat troch Ingrid Weigel yn it skaai fan 'e loaihoarskatten pleatst.

In platkopkat fotografearre troch in kamerafâle yn Sabah (noardlik Borneo).

De platkopkat hat in tige fersnipele ferspriedingsgebiet yn Súdeast-Aazje, dat de eilannen Sumatra en Borneo yn it westen fan 'e Yndyske Arsjipel omfettet, en dêropta it skiereilân Malakka besuden de Lâningte fan Kra. Dat betsjut dat dit bist yn fiif lannen foarkomt: Brûnei, Yndoneezje, Maleizje, Singapoer en (it uterste suden fan) Tailân.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De platkopkat hat trochinoar in kop-romplingte fan 41–50 sm, mei in sturtlingte fan 13–15 sm en in gewicht fan 11/2–21/2 kg. De sturt is tige koart, minder as heal sa lang as de kop-romplingte. De kop is, sa't de namme al seit, fan boppen ôfplatte. Dêrtroch liket de snút fierder út te stekken. De poaten binne, yn ferhâlding ta it lichem, ek frij koart. Oan 'e foarpoaten hat de platkopkat fiif mei ynlûkbere klauwen tariste teannen en oan 'e efterpoaten fjouwer, krekt lykas oare kateftigen. Mar oars as by oare kateftigen binne by de platkopkat de skieën fan 'e klauwen yn djipte belune, sadat sels as er syn klauwen ynlûkt, noch altyd twatrêdepart útstiket. Tusken de teannen sitte swimfluezzen.

Oars as by de measte oare loaihoarskatten is de pels by de platkopkat effen fan kleur: readbrún oant rodzich op 'e kop, brún yn 'e nekke en op 'e rêch, siden, sturt en poaten, en grizich oant krêmkleurich op it boarst, de bealch, de ûnderkant fan 'e sturt en de binnenkant fan 'e poaten. De snút, it kin en de kiel binne wyt. Tusken de deun byinoar steande eagen rinne twa bêzje fertikale streken lâns, en om 'e eagen hinne sit in wite râne.

Platkopkatten komme foar yn leechlân mei tropysk reinwâld, moerassen en/of mangrovewâlden. Sûnder in protte oerflaktewetter kinne se net bestean. Likernôch 70% fan 'e waarnimmings komt fan plakken dy't minder as 3 km fan oerflaktewetter ôf lizze. Yn Kalimantan, it Yndonezyske part fan Borneo, komt de platkopkat foar oant in hichte fan 20 m boppe seenivo.

In filmke fan in platkopkat by nacht.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is dreech om 'e platkopkat yn it wyld te bestudearjen, mei't dit bist inkeld foarkomt yn ticht begroeide habitats. Sels foto's makke mei kamerafâlen binne seldsum. Eksimplaren dy't folge waarden yn Kalimantan, it Yndonezyske diel fan Borneo, wiene foar it meastepart nachts aktyf. In folwoeksen wyfke, dat yn finzenskip holden waard, wie lykwols krepuskulêr (aktyf yn 'e jûnsskimer en by de moarnsdage). Saakkundigen nimme oan dat platkopkatten solitêr libje en inkeld yn 'e peartiid it selskip fan soartgenoaten opsykje. Se hawwe territoaria, dy't se ôfsette mei rookflaggen troch urine te sproeien.

De fokalisaasjes fan 'e platkopkat binne dy fan 'e hûskat (Felis catus) net wanlyk. Hy kin ek spinne. Syn fretten hellet de platkopkat foar it meastepart út it wetter. Dit bist kin dan ek tige goed swimme. In protte proaien wurde fongen troch yn it wetter te dûken en ûnder wetter efter harren oan te gean. Fan platkopkatten is waarnommen hoe't se har iten waskje ear't se it beplúzje, net liker as in waskbear.

De platkopkat liket him it hiele jier rûn fuortplantsje te kinnen en gjin seizoensbûne peartiid te hawwen. Nei de eigentlike pearing hat it mantsje fierders neat mear mei it hiele fuortplantingsproses te krijen. De draachtiid duorret likernôch 56 dagen, wêrnei't it wyfke op in beskut plakje har jongen smyt. Fan 'e trije nêsten dy't yn finzenskip berne binne, bestie ien út 2 jongen, wylst de oare beiden ienlingen wiene. Wat de libbensferwachting fan dizze soarte oangiet: yn finzenskip hawwe twa eksimplaren de leeftyd fan 14 jier helle.

In platkopkat yn Maleizje.

It meastepart fan it menu fan 'e platkopkat liket út fisken te bestean, dy't, nei't se fongen binne, teminsten 2 m by it wetter wei droegen wurde, nei alle gedachten om foar te kommen dat se, mochten se fuortglibberje, wer nei it wetter ta ûntsnappe kinne. Eksimplaren fan 'e platkopkat dy't yn finzenskip holden wurde, toane in folle gruttere belangstelling foar proaien yn it wetter as op it lân, wat in sterke foarkar foar wetterdieren yn 'e hiele soarte suggerearret. Behalven fisken steane ek kikkerts en kreefteftigen op it menu. Op it drûge wurdt it dieet oanfolle mei rotten en hinnen.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e platkopkat binne gruttere rôfdieren, lykas op Sumatra de tiger (Panthera tigris) en yn Malakka de tiger en it loaihoars (Panthera pardus). Foar jongen foarmje ek ferskate soarten rôffûgels, ûlen en martereftigen in gefaar.

De platkopkat hat de IUCN-status fan "bedrige". It slimste hat dit bist te lijen ûnder habitatferneatiging, trochdat moerassen en mangrovewâlden drûchlein en ûntboske wurde om romte te meitsjen foar de útwreiding fan minsklike delsettings, bougrûn, fiskkwekerijen of plantaazjes foar de produksje fan benammen palmoalje. Oerbefisking troch de minske foarmet ek in bedriging. Fierders wurde guon platkopkatten ek fongen en deade yn fâlen en strûpen dy't útset binne om plomfee te beskermjen, wylst der elts jier ek ferskate eksimplaren omkomme yn it ferkear.

Sadwaande is de platkopkat opnommen yn Taheakke I fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) 'e beskreaune bisten. Dit bist genietet folsleine wetlike beskerming yn alle lannen dêr't er foarkomt.

Ynsafier bekend is de platkopkat in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.