Springe nei ynhâld

Pius X

Ut Wikipedy
Pius X
   kristlik lieder
Paus Pius X
Paus Pius X
amt en titulatuer
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom bisdom Rome
sit Hillige Sit
amtsperioade 1903-1914
foargonger Leo XIII
opfolger Benediktus XV
wapen Wapen fan Pius X
wurkpaad
preesterwijing 18 septimber 1858
biskopswijing 16 novimber 1884
kardinaal 12 juny 1893
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Giuseppe Melchiorre Sarto
nasjonaliteit Italjaansk
bertedatum 2 juny 1835
berteplak Riese
stjerdatum 20 augustus 1914
stjerplak Rome
hillichferklearring
sillich ferkl. 3 juny 1951
hillich ferkl. 29 maaie 1954
hjeldei 21 augustus

Paus Pius X, bêrne as Giuseppe Melchiorre Sarto (Riese, 2 juny 1835 - Rome, 20 augustus 1914) wie de 257ste paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, hy stie as paus oan it haad fan de Roomsk-Katolike Tsjerke fan 1903 oant 1914. Hy stiet bekend as paus fan'e bernekommuny en as bestrider fan'e modernistyske dwalingen.

Giuseppe Sarto waard berne yn Riese, yn it efterlân fan Feneesje, dat doe noch ûnder Eastenrykske ynfloed stie. Hy trochrûn mei in beurs troch rike woldoggers it seminary. Sarto waard op 18 septimber 1858 ta preester wijd. Hy krige fuort hjirnei in oanstelling as kapelaan yn Tombolo. Yn 1867 waard er beneamd ta aartspreester fan de katedraal yn Salzano. Yn de iere jierren santich fan de njoggentjinde iuw waard er beneamd ta kanunnik fan it katedraalkapittel yn Treviso en rektor fan it seminary dêr. Fan 1884 oant 1893 wie er biskop fan Mantua. Yn it konsistoarje fan 12 juny 1893 waard Sarto kardinaal kreëarre. Trije dagen nei dat konsistoarje folge syn beneaming ta patriarch fan Feneesje.

Op 4 augustus 1903 kaam der in ein oan it konklaaf dat in nije paus kieze moast nei de dea fan paus Leo XIII op 20 july 1903. Elkenien tocht dat kardinaal Mariano Rampolla del Tindaro, de steatssekretaris fan Leo XIII ta paus keazen wurde soe. Mar Rampolla's stelde sympatyen foar de Tredde Frânske Republyk en ek syn tolerânsje oangeande modernistyske bewegingen brochten de Eastenrykske keizer derta om in feto, it "Ius Exclusivae", útsprekke te litten oer de eventuele ferkiezing fan Rampolla.

Doe keazen de kardinalen in hiel oare figuer, de patriarch fan Feneesje, Giuseppe Sarto, dy't yn tsjinstelling ta de diplomatike Rampolla as konservatyf en anty-modernistysk gou. Yn tsjinstelling ta syn foargongers, wie Sarto net fan adellike of heechboargerlike komôf.

As preester, biskop en patriarch naam er nea politike stânpunten yn, mar rjochte him op eucharistyske saken en syn taak as sielehoeder. Dêrtroch wie er in bûtensteander yn it problematyske konklaaf fan 1903. 'Men' woe gjin ' politike'kandidaat op de troan fan Petrus. Sarto wie de perfekte oplossing: nearne oan bûn, fan ienfâldige komôf en polityk ûnwittend. Hy naam de namme Pius X oan.

De earste died fan Pius X as paus wie dat er in ein makke oan de mooglikheid fan ynminging fan steatshaden yn de kar fan in nije paus; hy ferklearre dat elke kardinaal dy't ien fan leken ôfkomstich feto yn it konklaaf ynbringe soe, automatysk ekskommunisearje wie.

Nettsjinsteande beëinige er it steatssekretariaat fan Rampolla. Syn yntern-tsjerklike belied rjochte him tsjin it modernisme, in streaming dy't in tal tsjerklike pommeranten en ynfloedrike seminaryprofessoaren ûnder syn oanhingers rekkenje koe, benammen yn Frankryk, it Dútske Ryk en Grut-Brittanje. Yn 1907 joech Pius X mei de ensyklyk "Pascendi Dominici Gregis" syn arguminten oan tsjin it modernisme.

Yn it ferlingde fan syn striid tsjin it modernisme bestriidt Pius X op polityk flak it ferljochtingsfûnemintalisme, it liberalisme en it opkommende kommunisme. Sosjaal sjoen wie er, as idealist, earder in foarstanner fan frijwillige woldiedigens, ûnder mear op religieuze grûnslach, as fan steatsynminging yn sosjale oangelegenheden. As lêste bestried er mei sukses de korrupsje, simony[1] baantsjes jeierij binnen de Tsjerke.

Pius X is ek bekend wurden as de paus dy't it faak ta Kommuny gean befoardere. Dêrta hat er ek de leeftiidsgrins ferlege dêr't bern op talitten wurde ta de Earste Hillige Kommuny, nammentlik as se oant "de jierren fan it ûnderskaat" op kommen wiene: 7 jier.

Paus Pius X ferstoar hommels op 20 augustus 1914 oan in hertoanfal, inkelde wiken nei it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich. Op 3 juny 1951 is er troch paus Pius XII sillich ferklearre. Dyselde paus ferklearre op 29 maaie 1954 Pius X hillich.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. simony bedriuwe is it út sucht nei winst ferhanneljen fan geastlike guod of amten.
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:DE
Pausen yn 'e 20ste iuw

Pius X · Benediktus XV · Pius XI · Pius XII · Jehannes XXIII · Paulus VI · Jehannes Paulus I · Jehannes Paulus II


· · Berjocht bewurkje