Springe nei ynhâld

Pius VI

Ut Wikipedy
Pius VI
   kristlik lieder
Paus Pius VI
Paus Pius VI
amt en titulatuer
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom bisdom Rome
sit Hillige Sit
amtsperioade 1775-1799
foargonger Klemins XIV
opfolger Pius VII
wurkpaad
preesterwijing 1758
kardinaal 1773
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Giovanni Angelo Conte Braschi
nasjonaliteit Italjaansk
bertedatum 25 desimber 1717
berteplak Cesena flagge fan Frankryk
stjerdatum 29 augustus 1799
stjerplak Valence

Paus Pius VI, bêrne as Giovanni Angelo Conte Braschi (Cesena, 25 desimber 1717 - Valence Frankryk, 29 augustus 1799) wie de 250ste paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Pius VI is foaral bekend as de paus dy't him fersette tsjin de Frânske Revolúsje, wat late ta syn ôfsetting as wrâldsk monarch en syn finzen nimmen en deportaasje nei Frankryk.

Gianangelo Braschi kaam út in aadlike famylje yn Cesena. Hy trochrûn it Jezuïetenkolleezje fan syn bertestêd. Hy studearre boargerlik en tsjerklik rjocht oan'e universiteit fan Cesena en gie dêrnei fierder studearjen yn Ferrara, dêr't er kardinaal Tommaso Ruffo kennen learde. Hy waard dy syn sekretaris en naam as assistint fan kardinaal Ruffo diel oan it konklaaf fan 1740.

Nei it ferstjerren fan Ruffo yn 1753 beneamde paus Benediktus XIV him ta syn sekretaris en joech him de titel geheim keamerhear fan de paus. Braschi besleat doe om in tsjerklike karriêre te begjinnen, yn 1758 waard er ta preester wijd. Ienkear preester beneamde de nije paus Klemins XIII him ta referendaris fan de heechste tsjerklike rjochtbank, de Apostolyske Signatuer. Dat wie it begjin fan in karriêre yn de Romeinske Kuery. Klemins XIII beneamde him yn 1766 ta tesaurier-generaal fan de Apostolyske Keamer. Syn opfolger Klemins XIV ferheft him yn 1773 ta kardinaal.

It konklaaf foar syn ferkiezing ta paus, nei de dea fan Klemins XIV yn 1774, duorre fiif moanne. Braschi, in âld-studint fan in jezuïetekolleezje, moast tasizze dat er it ferbod op'e jezuïeoarder hanthavenje soe, pas dan koe Braschi paus wurde.

Ienkear paus begûn Pius VI him te profilearjen. Hy liet as earste die de oppakte oerste fan de Jezuïten, Lorenzo Ricci, frij út de Ingelenboarch, mar dy wie stjerrende yn 'e finzenis.Pius VI gedroech him as in renêssânsepaus. Pius VI liet nettsjinsteande de minne finansjele tastân yn de Tsjerklike Steat it reuseftige Palazzo Braschi op de Piazza Navona bouwe, In geskink foar syn neef, greve Luigi Braschi Onesti, dy't er yn 1786 ta hartoch ferheven hie. Hy beneamde as kardinaal-nepgenoat syn neef Romoaldo Braschi, dy't letter grutprior waard fan de Maltezer ridderoarder. Ek syn omke Bandi waard kardinaal, lykas in fiere neef fan memmekant, de lettere paus Pius VII.

Pius VI hat in protte foar de wittenskip dien. Hy wreide it âldheidkundich museum út, neamde it, it Pio-Clementino Museum nei syn foargongers, yn it Fatikaan. By syn pontifikaat binne in protte opgravingen en fynsten dien. Hy liet de havens fan Terracina en Anzio djipper útgrave, werstelde de Via Appia[1] en liet in part fan de Pontynske moerassen drûch lizze.

Heal april 1775 waard syn edikt op de joaden fan krêft. Fjouwerenfjirtich paragrafen wêrtroch't de yn iuwen opboude rjochten fan dizze mienskip oanmerklik weromdraaid waarden. De omgong mei net-joaden waard dreger, en de joaden waarden twongen oanwêzich te wêzen by preken.

Roomsk-Dútske Ryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Eastenrykske keizer Joazef II gie mei syn herfoarmingsplannen fan de Roomske tsjerke tige fier. It joazefinisme wie foar de paus nuodlik. Jozef II skafte ûnder mear kleasters ôf, woe sels biskoppen beneame, bemuoide him mei de liturgy en woe, yn in letter stadium, in Germaanske steatstsjerke oprjochtsje los fan Rome. Dêrneist joech Jozef II de Joadske ynwenners en protestanten yn syn ryk mear frijheid. Pius VI reizge 22 maart 1782 nei Wenen om Joazef II te oertsjûgjen dêrmei op te hâlden. Pius VI ferbleau 2 moanne yn Wenen; hy joech mei Peaskesnein de seine Urbi et orbi op it balkon fan de Tsjerke am Hof yn Wenen. Pius en Joazef II berikten gjin akkoart. De keizer brocht paus Pius VI yn desimber 1783 ynienen in tsjinbesite yn Rome, nei't de paus drige hie him te ekkommunisearjen omwille fan Joazef II's bemuoienis yn it fakante aartsbisdom Milaan. Yn 1784 fernuvere Pius VI de Roomsk-Dútske biskoppen mei de iepening fan in pauslike nuntiatuer yn München. Syn freon Karel Theodoor fan Beieren stipe Pius VI hjiryn, nei royale fergoedingen ûntfongen te hawwen. It dispút wreide út nei alle biskoppen en keizer Joazef II, mar ferdwûn nei de eftergrûn mei de Frânske Revolúsje (1789).

Frânske Revolúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de Frânske Revolúsje oer reagearre Pius VI ynearsten hoeden, mar doe't ek de Frânske tsjerke yn de revolúsjonêre herfoarmingen belutsen waard, moast er wol reagearje. Yn 1791 feroardiele hy yn twa breves de Constitution civile du clérgé (1790) dêr't de Frânske tsjerke oan ûnderwurpen waard, en wêrby't biskoppen en pastoars tenei troch de boargers keazen wurde soene. Boppedat kante er him tsjin de ferplichte eed dy't geastliken op 'e grûnwet ôflizze moasten. Tagelyk feroardiele er de Frânske Ferklearring fan de rjochten fan de minske en fan de boarger: neffens de paus wiene de dêryn neamde rjochten en frijheden yn striid mei "de rjochten fan ’e Opperste Skepper".

Dat late op guon plakken ta in ûnlusten en sels boargeroarloch. Frankryk ferbriek de betrekkingen mei de Hillige Sit. Yn de pauslike gebieten Avignon en it Comtat Venaissin brutsen yn 1791 opstannen út dy't laten ta anneksaasje by Frankryk. Doe't de Frânske kening Loadewyk XVI begjin 1793 ûntholle waard, neamde de paus him in martler en feroardiele er de ôfskaffing fan de monargy. Dêrop ûntstiene der yn Rome anty-Frânske rellen wêrby't in Frânsk diplomaat deamakke waard en ek it Joadske getto plondere waard om't de joaden derfan beskuldige waarden om de revolúsje te stypjen. Pius VI wist lykwols de opskuor del te bêdzjen.

Doe't yn 1796 in Frânsk leger ûnder generaal Napoleon Bonaparte Noard-Itaalje ynfoel, waard de Tsjerklike Steat streekrjocht bedrige. Pius VI besleat om te ûnderhanneljen, wat op 23 juny 1796 ta de wapenstilstân fan Bologna late. Doe't de fijanlikheden op 'e nij begûnen, hope Pius VI op Eastenrykse help, mar Bonaparte wist de Eastenrikers te ferslaan, sadat de paus ferplichte waard om in apart fredesferdrach mei Frankryk te sluten. By dizze frede fan Tolentino (19 febrewaris 1797) moast de paus definityf ôfstân dwaan fan Avignon en it Comtat Venaissin en dêrnjonken Bologna, Ferrara en de Romanje ôfstean oan de nije Sisalpynske Republyk. Frankryk krige boppedat in grut tal keunstwurken út it Fatikaan en ek in enoarme skeafergoeding yn jild.

Doe't de Frânske generaal Duphot ein 1797 by rellen yn Rome deade waard troch pauslike soldaten, besleat it Frânske direktoire as wraak troepen ûnder generaal Louis Alexandre Berthier nei Rome te stjoeren. Op 15 febrewaris 1798 proklamearre Berthier de Romeinske Republyk en it ôfsetten fan de paus as wrâldsk sûverein. Pius VI wegere him dêrby del te lizzen, wêrop't Berthier besleat om him as finzene út Rome wei te fieren.

Ynearsten krige Pius VI Siena as ballingsoard, mar troch de kriichssituaasje waard er hieltyd fierder fuortfierd, earst nei ferskate stêden yn Noard-Itaalje dêrnei nei Frankryk, yn Grenoble en úteinlik yn Valence. Seis wike nei syn oankomst ferstoar de sike paus yn 'e sitadel fan Valence.

Ynearsten waard Pius VI sûnder tsjerklike plechtichheid begroeven op it tsjerkhôf fan Valence. Pas nei it konkordaat fan 1801 tusken syn opfolger Pius VII en Frankryk waard syn stoflik omskot werom nei Rome brocht. Dêr waard er yn 1808 byset yn de Sint-Pitersbasilyk. Syn hert en yngewant wurde bewarre yn de katedraal fan Valence.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Romeinske dyk
Pausen yn 'e 18e iuw

Klemins XI · Innosintius XIII · Benediktus XIII · Klemins XII · Benediktus XIV · Klemins XIII · Klemins XIV · Pius VI ·


· · Berjocht bewurkje