Pittielgoes
| Pittielgoes | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Phalacrocorax featherstoni | ||||||||||||
| Buller, 1873 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Pittielgoes (Phalacrocorax featherstoni) is in bedrige fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae) binnen it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes). De soarte komt allinnich foar op 'e Chathameilannen.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Pittielgoes is in middelgrutte, griisswarte ielgoes mei in lichemslingte fan sa'n 63 sintimeter. Yn it briedkleed hat er in swarte kop, stút, sturt en boppekant fan 'e poaten, in donkergrize boppekant mei lytse swarte plakjes en in grize ûnderkant. Op it gesicht sit in opfallend apelgrien stik bleate hûd en op 'e kop hat er twa túfkes. Bûten de briedtiid ûntbrekke de túfkes, is de bleate hûd op it gesicht giel en is de ûnderkant bleker.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Pittielgoes komt foaral foar Pitt-eilân, ien fan 'e Nijseelânske Chatham-eilannen. De soarte wurdt as monotypysk beskôge; dat wol sizze dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.
Sibskip fan 'e ielguozzen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid in ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaaneftigen (Pelecaniformes) yndield, mar se waarden ek wol by de eiberteftigen (Ciconiiformes) yndield. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de pilekaaneftigen as takson in parafyletyske groep foarme. Dêrom binne de ielguozzen ferhûze nei it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, gintfûgels en slangehalsfûgels.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Pittielgoes briedt yn lytse koloanjes op rotsige kusten en eilannen. Sa'n koloanje bestiet út ien oant 44 briedpearen.
De soarte libbet benammen fan lytse fisken, oanfolle mei yn see libjende wringeleazen. It iten wurdt yn ûndjip wetter fongen, meast op in djipte fan trochstrings 6,6 meter en yn njoggen fan 'e tsien gefallen op minder as 13 meter djipte.
Status en bedriging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Pittielgoes hat in lyts ferspriedingsgebiet en in lytse wrâldpopulaasje, dy't boppedat ôfnommen is en nei alle gedachten fierder sterk ôfnimme sil. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) beskôget de soarte dêrom as sterk bedrige.
Rûzings út 2011–2012 kamen út op 434 briedpearen. Tusken 1997 en 2011 naam de populaasje mei 40% ôf. It is net hielendal dúdlik wat de wichtichste oarsaak fan 'e efterútgong is. Ynfierde rôfdieren kinne in rol spylje, al briedt de soarte faak op dreech berikbere plakken.
Ek streuperij komt foar. De fiskerij kin ek bydroegen hawwe oan 'e efterútgong: by it fiskjen op kreeften wurde mooglik alle jierren sa'n 40 oant 80 fûgels as byfangst fongen. Oanpaste fiskmetoaden hawwe de sitewaasje mooglik wat ferbettere. Ek feroarings yn it ekosysteem fan 'e foeraazjegebieten dat de beskikberens fan iten beynfloedet, kinne in rol spylje.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike soartnamme featherstoni is in earbetoan oan Isaac Earl Featherston (1813–1876), in Skotsk-Nijseelânske steatsman dy't him yn 1840 yn Wellington nei wenjen sette.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
