Pitigliano
| Pitigliano | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| regio | ||
| provinsje | Grosseto | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 3.515 (31.05.2025)[1] | |
| Oerflak | 101,97 km² | |
| Befolkingsticht. | 34,47 ynw/km² | |
| Hichte | 313 m boppe seenivo | |
| Oar | ||
| Postkoade | 58017 | |
| Tiidsône | UTC+1 | |
| Koördinaten | 42°38' N 11°40' E | |
| Kaart | ||
Pitigliano is in stêd yn 'e provinsje Grosseto yn Toskane, Itaalje. It plak leit likernôch 80 km súdeastlik fan 'e stêd Grosseto. Pitigliano is oansletten by I Borghi più belli d'Italia ("De moaiste 'plakken fan Itaalje").
De stêd stiet bekend as Lyts-Jeruzalim fanwegen de histoaryske oanwêzigens fan in joadske mienskip, dy't yn 'e sosjale kontekst altyd goed yntegrearre west hat en in eigen synagoge besit.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De omkriten fan Pitigliano waard al yn 'e Etruskyske tiid bewenne, mar de earste skriftlike fermelding fan it plak datearret út 1061. Yn 'e iere 13e iuw hearde it ta de famylje Aldobrandeschi en tsjin 'e midden fan 'e iuw wie it de haadstêd fan in omlizzend greefskip wurden. Yn 1293 gie it greefskip oer nei de famylje Orsini, itjing it begjin betsjutte fan 150 jier oarloggen mei Siena. Oan 'e ein dêrfan, yn 1455, waard in soarte fan kompromis berikt: Siena erkende de status fan greefskip oan Pitigliano en it greefskip sette him yn ruil dêrfoar ûnder de soevereiniteit fan Siena. Sûnt is de skiednis fan Pitigliano yn in bredere kontekt te setten, earst fan it Gruthartochdom Toskane (1562) en dêrnei fan it feriene Keninkryk Itaalje.
Joadske mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Iuwen wie wie Pitigliano in grinsstêd tusken it Gruthartochdom Toskane en yn it suden de Pauslike Steaten. Om dy reden hie de stêd in bloeiende en duorsume joadske mienskip, dy't foar it grutste part bestie út minsken dy't by ferfolgingen yn 'e kontrareformaasje flechten út Rome. De joaden fan 'e stêd brûkten ien fan 'e grotten foar har rituele Pesach-matzebakkerij, de forno delle azzime. Nei de ynfiering fan 'e rassewetten ûnder ynfloed fan 'e nazi's binne alle joaden fan 'e stêd ûntkommen oan deportaasje mei de help fan harren kristlike buorlju. Alhoewol't der hjoed-de-dei hast gjin joaden mear yn 'e stêd wenje, alteast net genôch om in minjan (10 joadske folwoeksen manlju) te foarmjen, wurdt de yn 'e 1598 boude synagoge mei in ynterieur út de 17e en 18e iuw noch jimmeroan út en troch brûkt. It gebou waard yn 1995 restaurearre.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Petrus en Pauluskatedraal.
- De Santa Maria Assunti-tsjerke.
- De fêsting fan Orsini fan 1545.
- Fan 'e muorren en poarten is de Porta Sovana it bêst bewarre.
- resten fan in akwadukt boppe op 'e rots.
De Tempietto ('lytse timpel') is in lytse grot, miskien fan natuerlike oarsprong, mar troch minskehannen oanpast. De Tempietto leit bûten it stedsje. Undúdlik is wat doel de bouwers der mei hiene.
Patroanhillige
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De patroanhillige fan 'e stêd is Sint-Rochus.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
