Piter fan Eysinga

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Piter fan Eysinga, (?, 1564 - Raerd, 16 jannewaris 1645), wie steatelid en grytman fan Raarderhim.

Piter wie soan fan Tsjalling fan Eysinga en fan Hylck fan Harinxma thoe Slooten. Hy waard 30 july 1602 grytman fan Raarderhim en waard folmacht op de lândei foar it kertier Eastergoa. Yn dy funksje folget er yn 1620 de lykstaasje fan Willem Loadewyk freve fan Nassau en komt yn dat jier ek foar as lid fan de Admiraliteit fan Hollân. Doe't oan Ernst Casimir, ynstee fan dy syn ferstoarne broer Willem Loadewyk, it steedhâlderskip opdroegen waard, hold Piter fan Eysinga de redefiering. Fan 1621 - 1636 wie hy bewâldfierder fan de Westyndyske Kompanjy fan de Keamer fan it Noarder Kertier. Meardere jierren wie hy lid fan de Steaten en yn 1639 en 1640 lid fan Deputearren. Hy die grif yn 1635 ôfstân fan syn gritenij foar syn soan Tsjalling en ferstoar tsjie jier letter yn 80 jierrige âlderdom op syn hûs Jongemastate te Raerd; syn lyk rêst yn de tsjerke dêr ûnder in grêfsark mei in Latynsk opskrift.

Yn 1594 boaske hy Foockel fan Heringa, (1567 - 5 maaie 1639), dochter fan Aede en fan Anna fan Roarda, en krige by har fiif bern, wêrby Aede, Hessel en Tsjalling. De âldste soan ferstoar jong en Hylck boaske mei Menne Houwerda fan Meckema.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: