Pistoia
| Pistoia | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| regio | ||
| provinsje | Pistoia | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 89.062 (31.07.2025) | |
| Oerflak | 236,17 km² | |
| Befolkingsticht. | 377,11 ynw./km² | |
| Hichte | 67 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 51100 | |
| Koördinaten | 43°56' N 10°55' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.comune.pistoia.it | ||
| Kaart | ||
Pistoia is in âlde stêd yn Toskane, net fier fan Florâns, yn Itaalje. It is de haadstêd fan 'e provinsje mei deselde namme. De stêd is bekend om syn moaie romaanske tsjerken, lykas de katedraal fan San Zeno mei syn klokketoer en de doopkapel mei grien-wite moarmeren beklaaiïng.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan 'e stêd giet werom nei op 'e Romeinske tiid. De stêd ûntstie yn 'e 2e iuw foar Kristus as in Romeinsk garnizoen op in gebiet dêr't eardere Etruskyske delsettings wiene. It garnizoen focht tsjin 'e Liguriërs dy't har yn 'e Apenninen fêstigen. Yn 'e 5e iuw waard Pistoia in biskopssit en waard it oermastere troch de Goaten, Byzantinen, Langobarden en Franken. Pistoaia waard foar in part ferneatige by de trochtocht fan in leger fan Germaanske stammen ûnder lieding fan Radagaisus.

De 17e-iuwske histoarikus Michelangelo Salvi út Pistoia ferhelle dat yn it jier 849 de minsken fan Pistoia benaud wiene foar de Sarasenen, dy't al foar de poarten fan Rome stienen en de apostel Sint-Jakobus om syn beskerming fregen. Pistoia waard net oanfallen en út tankberens keazen de ynwenners fan Pistoia Sint-Jakobus as harren beskermhillige. Hja bouden binnen de earste muorren in lytse tsjerke foar him tichteby in fêsting yn 'e stêd, dy't dêrom de San Jacopo in Castellare neamd waard.
Under Langobardyske bewâld waard Pistoia ferheft ta in stêd mei eigen wetten en tanksij syn geografyske posysje makke it in wichtige demografyske en ekonomyske groei mei, dy't trochgie oant likernôch it jier 1000, doe't de stêd ûnder ynfloed kaam fan 'e Dútske keizers. Pistoia waard sadwaande yn 1105 in frije gemeente. Yn 'e midsiuwen groeide Pistoia út ta in bloeiende stêd mei muorren, kleasters en keunst. As in wichtich midsiuwsk Ghibellynsk sintrum en stiper fan it Hillige Roomske Ryk, wie Pistoia lange tiid in bûnsmaat fan Pisa en Siena. Nei in belis fan alve moannen joech Pistoia him op 11 april 1306 lykwols oer oan 'e erffijannen, de Florentinen en de Luccanen. Dêrmei ferlear de stêd syn autonomy.
Pistoia wie ferneamd om de wapensmeiers. Oan 'e begjin fan 'e 16e iuw ûntstienen yn Pistoia de pistoalen en de namme fan dat wapen is te tankjen oan 'e plaknamme. Kear op kear waarden de opstannen fan 'e bewenners fan Pistoia bluodderich delslein, mar mei de berte fan it Gruthartochdom Toskane ûnder it bewâld fan 'e Medici briek in nije tiid fan fernijing en opbloei fan 'e stêd yn en Pistoia waard sa wer in wichtich polityk en kultureel sintrum.
Yn 'e 19e iuw befoardere de oanlis fan spoarlinen de yndustriële ûntwikkeling fan 'e stêd. Yn 1861 waard Pistoia, lykas de rest fan Toskane, opnommen yn it Keninkryk Itaalje. Yn 1927 waard Pistoia in provinsje en de sit fan in prefektuer. De stêd krige ek bekendheid om 'e túnplanten dy't kweekt wurde, in tradysje dy't ek no noch bestiet en Pistoia de bynamme "stêd fan 'e kwekerijen" joech.
Pistoia heart ta de stêden dy't ûnderskieden binne foar de militêre dappers yn 'e Twadde Wrâldkriich. Foar de offers fan 'e befolking en de aktiviteiten yn 'e partisanestriid waard de Medaglia d'argento al valor militare (Sulveren Medaille foar Militêre Dapperens) ferliend.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pistoia is ryk oan romaanske en renêssânse-monuminten (fral tsjerken). Ien fan 'e meast besochte plakken is it Piazza del Duomo, it histoaryske sintrum fan boargerlike en tsjerklike macht. Oan it plein steane in soad histoaryske gebouwen.
Piazza del Duomo
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Sint-Zeno katedraal is wijd oan Zeno fan Verona. De domtsjerke is boud yn 'e iere midsiuwen en waard troch twa brannen ferneatige en yn 'e 13e iuw werboud. It trijeskippige ynterieur is fersierd mei 17e-iuwske fresko's en in grut oantal skilderijen. Under it preesterkoer binne de resten fan in Romeinske filla en de oarspronklike tsjerke te sjen. It sulveren alter fan Sint-Jakobus is makke tusken 1287 en 1456. By de katedraal stiet in 67 m hege klokketoer, oarspronklik boud yn 'e 12e iuw, mar it hjoeddeiske oansjen datearret fan 1576.
- It oan Jehannes de Doper wijde achthoekige baptistearium datearret fan 'e 14e iuw en besit in doopfont út 1226.

- It Palazzo dei Vescov wie in fersterke hûs út de 11e iuw en is letter ferboud ta in residinsje yn goatyske styl. Troch de jierren hinne is der boud oan it paleis, dat acht iuwen lang de residinsje wie fan 'e biskoppen. Yn 1980 folge in restauraasje. Yn 'e kelder binne Etruskyske en Romeinske resten te finen.
- It Palazzo Pretorio of Palazzo del Podestà waard oarspronklik boud foar de magistraten. It hjoeddeiske gebou is in neogoatyske rekonstruksje út de 19e iuw en wurdt brûkt troch de lokale rjochtbank fan Pistoia.
- Palazzo degli Anziani (ek: Palazzo di Giano) hat iuwenlang it goatyske stedhûs fan Pistoia west. No is dêr it Museo Civico d'Arte Antica ûnderbrocht.
- De eardere Santa Maria Cavaliera waard al yn it jier 979 neamd en is âlder as de katedraal. Sûnt de 15e iuw waarden dêr ynhuldigingseremoanjes fan ridders fierd. Yn 1784 waard de tsjerke ûntwijd en ferkocht oan partikulieren. It gebou hat neitiid ferskillende funksjes hân en is bot feroare, mar de oarspronklike struktuer is goed te werkennen.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Romaanske tsjerken:

- chiesa di San Giovanni Fuorcivitas (Sint-Jehannestsjerke; de tafoeging Fuorcivitas hat der mei te meitsjen dat de tsjerke by de Lombardyske stifting bûten de earste stedsmuorren stie).
- chiesa di San Pier Maggiore (Grutte Sint-Pitertsjerke, boud yn 'e Lombardyske tiid.)
- chiesa di San Bartolomeo in Pantano (Bartoloméustsjerke, in Pantano ferwiist nei it sompige gebiet dêr't de tsjerke boud waard, stifting tusken 726 en 767).
- chiesa di San Michele in Cioncio (Sint-Michaeltsjerke, 12e-13e iuw, fûneminten Lombardysk).
- chiesa di Sant'Andrea (Sint-Andréastsjerke, 13e-15e iuw).
- chiesa di San Biagio (Sint-Blasiustsjerke, 1063, nei in brân yn 1340 foar in part werboud).

- Goatyske tsjerken:
- chiesa di San Domenico (Sint-Dominikustsjerke, 13e iuw)
- chiesa di San Francesco (Sint-Fransiskustsjerke, boubegjin 1289, foltôging 1707).
- chiesa di San Paolo (Sint-Paulustsjerke, oarspronklik 10e-iuwsk, hjoeddeisk oansjen 12e iuw).
- Renêssânse tsjerken
- Basilica della Madonna dell'Umiltà (Basilyk fan Us-Leaffrou fan 'e Nederigens (1495-1579).
- chiesa di Santa Maria delle Grazie (Us Leaffrou fan Genedetsjerke, boubegjin 1469).
- San Giovanni Battista (Jehannes de Dopertsjerke (1442-1522), werboud yn 'e jierren 1950 nei ferneatiging yn 'e Twadde Wrâldkriich).
- Barokke tsjerken:

- chiesa della Santissima Annunziata (Tsjerke fan 'e Alderhillichste Ferkundiging, 13e-iuwsk, yn 'e 17e en 18e iuw ferboud yn barokstyl).
- chiesa dello Spirito Santo (Hillige Geasttsjerke, 17e iuw).
- chiesa di Santa Maria del Carmine (Marijetsjerke fan 'e yn 1291 stifte Karmel, barokke ferbou yn 1741).
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Museo Civico d’Arte Antica (Stedmuseum foar Alde Keunst)
- Museo dell'Opera del Duomo (tsjerklik museum njonken de katedraal, mei it sulveren Jakobusalter)
- Museo della Cattedrale di San Zeno (liturgyske útstalling yn 'e katedraal)
- Museo dello Spedale del Ceppo (medyske en sosjale skiednis fan 'e stêd) en it Anatomysk Theater
- Museo del Novecento e del Contemporaneo di Palazzo Fabroni (moderne keunst)
- Museo Ferroviario di Pistoia (Italjaanske spoarhistoarje)
- Giardino e Museo Vivente del Bonsai (bûten it sintrum, túnmuseum mei in grutte kolleksje bonsaibeammen).
- Pistoia Sotterranea (Undergrûnsk Pistoia mei likernôch 600 m lange gongen ûnder de stêd.)
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Paus Klemens IX (1600-1669)
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pistoia fan Wikimedia Commons. |