Piranga's
Appearance
| piranga's | ||
| Piranga olivacea | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| famylje: | kardinaalfûgels (Cardinalidae) | |
| Vieillot, 1808 | ||
| Soarten | ||
| ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● | ||
Piranga's (Piranga) is in fûgelskaai yn 'e famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae). De wittenskiplike namme fan it skaai waard foar it earst publisearre yn 1808 troch Vieillot.
De fûgels fan it skaai waarden earder yn 'e tanagerfamylje (Thraupidae) set, mar út DNA-ûndersyk die bliken dat se nauwe sibben fan 'e reade kardinaal (Cardinalis cardinalis) binne en dêrfandinne wurde se hjoed-de-dei ta de famylje kardinaalfûgels rekkene.
Se wurde yn Noard- en Súd-Amearika oantroffen en libje dêr yn 'e hegere beamlagen. Njonken ynsekten ite se ek fruit. Ferskillende soarten binne trekfûgels, oaren binne stânfûgel.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai bestiet út 11 soarten:
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Status * / trend * |
|---|---|---|---|
| Bloedkardinaal | Piranga bidentata | net bedrige ôfnimmend[1] | |
| Fjoerkardinaal | Piranga ludoviciana | net bedrige tanimmend[2] | |
| Karmozynkopkardinaal | Piranga rubriceps | net bedrige ôfnimmend[3] | |
| Leechlânleverkardinaal | Piranga flava | net bedrige net bekend[4] | |
| Leverkardinaal | Piranga hepatica | net bedrige tanimmend[5] | |
| Readkopkardinaal | Piranga erythrocephala | net bedrige ôfnimmend[6] | |
| Rôzekielkardinaal | Piranga roseogularis | net bedrige ôfnimmend[7] | |
| Simmerkardinaal | Piranga rubra | net bedrige stabyl[8] | |
| Swartwjukkardinaal | Piranga olivacea | net bedrige stabyl[9] | |
| Tosksnaffelkardinaal | Piranga lutea | net bedrige ôfnimmend[10] | |
| Wytwjukkardinaal | Piranga leucoptera | net bedrige ôfnimmend[11] | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
