Piramiden fan Güímar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ien fan 'e Piramiden fan Güímar.

De Piramiden fan Güímar binne seis treppiramiden by it doarp Güímar op it eilân Teneryf, ien fan 'e Kanaryske Eilannen.

De piramiden binne boud mei rjochthoekige grûnflakken. Se hawwe in soad wei fan de piramides fan de Maya's en de Azteken yn Meksiko en Midden-Amearika, mar hawwe dêr neat mei te krijen. Argeologyske en geologysk ûndersyk hat nammentlik útwiisd dat de Piramiden fan Güímar net âlder wêze kinne as de njoggentjinde iuw. Saakkundigen hawwe konkludearre dat de stiennen dy't brûkt binne by de konstruksje troch ploegjen omheech kommen binne yn 'e omlizzende ikkers en dat de boeren der om in ûnwitten reden dizze bouwurken fan makke hawwe.