Springe nei ynhâld

Pingsdorfs ierdewurk

Ut Wikipedy
Foarms fan Pingsdorf ierdewurk fan de earste opgravings yn Pingsdorf (Koenen 1898)
Pingsdorfer beker út de 12e iuw (Museum Burg Linn)

Pingsdorfs ierdewurk of Pingsdorfer ierdewurk waard tusken de 9e en 13e iuw produsearre op ferskate plakken yn it Rynlân. Dêr leit ek Pingsdorf, in Stadteil fan Brühl, dêr't de measte fynsten fan dit type ierdewurk dien binne. Pingsdorfprodukten waarden makke op in rap rotearjende pottebakkersskiif en bakt by in temperatuer fan 1900-1000 °C. [1]

De klaai fan dit ierdewurk hat in heech sângehalte. De produkten binne faak griis oant gielwyt oant ljochtbrún fan kleur, mar mear pears as de baktemperatuer heger is. Gewoanwei is der sprake fan in read-brune oant pearse fersiering fan strepen yn ferskate patroanen.

Yn bredere sin wurdt yn de midsiuwske argeology de term 'Pingsdorfs ierdewurk' brûkt om heechweardich, mei engobe [2] beskildere fyn keramyk oan te tsjutten dat yn de Hege midsiuwen yn in grut geografysk gebiet produsearre waard. Dat gebiet beslacht Midden- en Noard-Frankryk oer België, Nederlân en Lúksemboarch nei de Nederryn, de regio fan de Middenryn en de ûnderrin fan de Main. Fierder nei it easten gie de produksje fan relatearre keramyk troch fia Westfalen, Noard-Hessen en it suden fan Nedersaksen nei Saksen. Oer it gehiel besjoen is der bewiis foar in Europa-brede west-east oerdracht fan de technology en it stylkompleks fan Pingsdorfs ierdewurk fan de 8e oant de 14e iuw.

Pingsdorfierdewurk is op ferskate plakken yn Nederlân fûn, ûnder oare yn Fryslân, Gelderlân en Súd-Limboarch. Ferlykber ierdewurk waard lykwols ek yn Nederlân makke, bygelyks yn Súd-Limboarch, Utert en Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Crabtree, Pamela, ed., Medieval Archaeology, Routledge Encyclopedias of the Middle Ages, 2013, Routledge, ISBN 113558298X, 9781135582982, google books
  2. Engobe is in algemiene term foar in klaaimineraalmassa mei lege fiskositeit dy't brûkt wurdt foar it kleurjen of coaten fan keramyske produkten.